Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Fan sawn opelkoarfolgjende dochters, wurdt der sein is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs, in tsjoenster ek.
nl.verhalenbank.24067
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje.
In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Fan ien fan 'e sawn dochters, dy't op elkoar folgje, sûnder jonges der tusken is de âldste of de jongste in nachtmerje. Fan ien fan 'e sawn soannen is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23774
As in hynder in tizebosk yn 'e moanjes hat of flechtsjes dan hat it in nachtmerje hawn.
In nachtmerje wie in frommeske. It wie de âldste of de jongste fan sawn opelkoarfolgjende dochters.
nl.verhalenbank.24145
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje.
Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs.
Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan.
Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Geale bakker hie altyd lêst fan nachtmerjes. Op in kear tocht er: "Nou wòl 'k fannacht wekker bliuwe. Dan sil 'k sjen dat ik har fange kin."
Hy hie wekker op bêd lein. 't Duorre net lang, doe wie dêr in frommes oankaem. Dy hied er beetpakt. Hy koe har tige skoan - 't wie ien út 'e Westerein - mar hy woe net sizze hwa 't it wie.
Hja wie troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.36544
Nachtmerjes kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. 't Wienen froulju en meast ien fan sawn susters. De minsken moesten in breakoarste mei op bêd nimme om der gjin hinder fan to hawwen. Sy leinen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.18095
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf.
De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan.
De...
nl.verhalenbank.26021
De jongste of âldste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtmerje.
Myn suster hie forkearing mei sa'n nachtmerje. Dat wie Willem Boomsma. Mar sy troude mei in oaren ien. Doe kom Willem Boomsma nachts faek as nachtmerje by har. Doe hat se fleartokken op 'e rânne fan 't bêd lein (oan 'e foarkant) en in brogge foar 't bêd op 'e groun. Doe hie se gjin...
nl.verhalenbank.25171
Ien fan sawn susters wie in nachtmerje, seinen se altyd. Sy kaem troch 't kattegatsje yn 'e hûs. Dan rommele se earst yn 'e klompen om.
As men fornaem dat se kom, en men koe jin forheffe, dan gong se wer fuort.
Om har to wearen lei men in stikje brea of duveldrek ûnder 'e drompel of men sette in krús foar de strjitte. Ek die men wol in lyts pûdtsje mei...
nl.verhalenbank.19503
Men hat nachtmerjes en nachtrunen.
In nachtmerje is in fanke of in frommes, in nachtrún is in jonge of in man.
De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje.
De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtrún.
Sy komme troch 't slotsgat by jin yn 'e hûs.
Jitske Jehannes (Elzinga) syn heit dy wenne...
nl.verhalenbank.20574
Nachtmerjes wienen froulju. Ien fan sawn op elkoar folgjende susters. Om der gjin lêst fan to hawwen struiden se moal. Sa ha se wolris in nachtmerje fangd. Ik ha wolris fortellen heard, dat sa'n nachtmerje de oare moarns by in widner op 'e stoel siet en net fuort komme koe, trochdat se moal oan har hie.
Alde Tseard wenne hjir yn 'e Westerein. Dy hat ris...
nl.verhalenbank.33749
Myn âldste suster Harmke wie in nachtmerje. Ik ha oardel jier by har slept, mar ik krige gjin wink yn 'e egen. Sa'n lêst hie 'k fan har.
Doe sei mem tsjin har: "Mast mar net wer by Klaske lizze."
Ik hie tiden dan smoarde ik hast. Hja lei boven op my en knypte de hân om myn hals.
Wy wienen mei ús tsienen fan susters, dêr wie Harmke de âldste fan. Hja is...
nl.verhalenbank.22030