Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: zondaar Narrator Gender: male Place of Narration: Drachten
By Oerterp hat froeger in herberch stien. Dêr siet ien op in joun, dy sei 't raer op. Hy hie tofolle drank hawn en spotte mei it opperwezen. Doe't it tiid wie fan sluten rekke hy der út. Hy moest oer de Skâns. Doe't er dêr wie, sloech der him ien de earm om 'e hals en draeide him yn 'e rounte, hyltyd mar troch, krekt salang oant hy der by delfoel. Hy hat...
nl.verhalenbank.19862
Ien fan 'e Houtigehage hat my us forteld: Wy sieten thús yn 'e keet en wienen oan 't kaertspyljen. As wy oan 't kaertspyljen wienen wie 't altyd lûdroftich. Der woarden dikke wurden by brûkt en de hollen woarden hyt. Heit hie der in hekel oan dat wy kaertspilen. Op in kear wienen wy wer oan 'e gong. 't Wie op in joun. 't Gong der heil en seil oan wei en...
nl.verhalenbank.24934
Myn omke Auke Schievink wie in raer man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy is tachtich jier woarn. Altdy wied er oan 't flokken. Op in joune-let soed er nei hûs ta. Doe kom der him ûnderweis ien tomjitte en dy smiet him yn 'e feart. Dat wie de Feanster feart. Deselde dy't him smiet hie gjin hannen hawn, sei er. It is wol sauntich jier lyn dat it gebeurde. Omke...
nl.verhalenbank.29391
Yn 'e Wylgen wenne in tige ûnforskillich man. Dy biwearde, hy wie foar noch gjin duvel bang. Mar dy wurden hat er bilije matten. De duvel hat him letter smiten. Doe wie er lytsman.
nl.verhalenbank.29647
Der wie ris ien dy hie swiere wurden brûkt. Hy wie in ûnderhânse timmerman, in wreed man dy't mei syn bakje mei ridskip in smel paedtsje lâns gong, tusken Rottefalle en Houtigehage. Doe kom der hwat njonken him. Dy prebearre him fan 't paedtsje ôf to krijen. Doe sei dy man: "Hwa sil 't winne, ik of dû?" Hy hie 't noch mar krekt sein of hy woarde optild en...
nl.verhalenbank.24587
Jehannes van der Zee wie fêste arbeider by in dikke boer yn Sumar. Om dêr to kommen moest er de Harste del en dan de lannen troch. Dy Jehannes van der Zee wie in ûnforskillich meubel en in greaten spotter. Hy leaude oan God noch syn gebod. Op in moarn by 't tsjuster, doe't er om fjouwer ûre by de boer wêze moest, doe krige er in prûmke út 'e tabaksdoaze...
nl.verhalenbank.33372
Ik wenne yn 'e Grinzer Pein, myn kammeraed ek. Ik wie in raren, ik flokte altyd as in ketter en ik steurde der my net oan dat wy fyn wienen. Ik en myn kammeraet soenen nei Snits ta yn 'e haeijing. Wy gongen yn 'e nacht op stap. Doe't wy by De Kompenije wienen, sahwat oan Van Slooten ta, troffen wy in dier. Dat wie in pleachbeest. 't Wie op 'e Folgerster...
nl.verhalenbank.26037
In sekere Oeds hearde dêr ek fan. Dy wie nochal dryst. Hy sei tsjin syn maet: "Nou sil wy dêr ris del, dan sille wy sjen hwat dat dêr is. Hwant ik bin der net bang foar." De oare sei: "Dû bist sa healwiis, ik gean net mei." Oeds sei: "Dan gean 'k allinne." Hy gong allinne de Oene-Hindriksreed del. Doe't er thúskom, sei er tsjin syn broer: "Hwat my nou...
nl.verhalenbank.25413
Ien hat my ris forteld: Nou ha 'k hwat bileefd, sei er. Ik bin fannacht mei de duvel reizge. Der wie ien njonken my. 't Hie mear fan in gedaente as fan in keardel. Ik waerd binaud. Hy hie ien hynstepoat en ien gewoane poat. Hy sei mei in raer lûd: "Hwa tochten jo as ik wie?" Fan kleare binaudens sei ik: "Jo koenen de duvel wol wêze." "Ja," sei er, "dat...
nl.verhalenbank.25162
In âldomke fan my moest us op in joun let nei 't Fean ta. 't Wie in hiele raren ien, in almachtigen keardel, dy't nergens bang foar wie. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er en hy wie sa ûnforskillich as hwat. Hy soe nei pake ta. Underweis, by de Oene Hindriksreed ûnder 't Fean waerd er samar opnom en in ein fuortsmiten. 't Is jierren lyn, dat dat...
nl.verhalenbank.25411
Ik haw us as polderjonge fuort west, dêr wienen ek twa bruorren út 'e Houtigehage by. It wienen in Ritske en in Jan. Hja wennen tichte by de Trije Roeden. Ritske fortelde, sy wienen us oan 't baggeljen west - wy wienen yn 'e polderkeet, doe't er dat fortelde - dêr hie syn heit ek by west. Sy moesten de bakken fol klyn mei 't baggeljen forsette en as dat...
nl.verhalenbank.25159
Ielke Forwoest wenne yn Kûkherne. Omdat it sa'n forwoesteling wie neamden de minsken him sa. Hy joech nergens om. Hy sei om 't oare wurd in flokwurd en spotte mei alles. Op in kear wie er mei it jongfolk oan 't fierspringen. 't Wie by de Kûkhernster feart. "Gjin duvel dy't tsjin my springe kin", sei er. Mar doe kaem der ien dy koe fierder as hy. Dat wie...
nl.verhalenbank.32009
Us mem har heit wenne yn 'e Lange Jammer yn Bakkefean. It wie in wrede, swiere keardel. Hy stie foar neat. Op in kear soed er nei hûs ta. 't Wie op jountiid. Doe't er tichte by hûs wie, wie 't krekt as woarde er hwat keard, sa fielde it. Hy koe net rjocht fierder komme. Pake brûkte greate wurden. "Hwa keart my, godfordomme?" Hy woe en hy soe der lâns. Doe...
nl.verhalenbank.33316
35