Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
op 'e Hearrewei spoeke it. Dêr is ris in man lâns gong, dy hie gâns flokt en sweard. Hy woarde dêr samar beet krigen, sûnder dat er ien seach, en yn 'e sleat smiten. Sûnt doart er dêr net mear lâns.
nl.verhalenbank.25632
Jehannes van der Zee wenne op 'e heide. Hy wie arbeider by Sjoerd Bonnes, in boer yn Sumar. Dy Jehannes wie o sa rûch yn 'e mûle. 't Koe him neat skele hwat er sei en hy flokte om 't oare wurd.
Op in moarn gong er nei de pleats fan Sjoerd Bonnes. Hy moest de hege loane del.
Doe't er yn 'e skuorre kaem, pakte de duvel him. Hy waerd tsjin 'e hoannebalke oan...
nl.verhalenbank.31492
Ade Jehannes van der Zee wenne yn Sumarreheide.
It wie in alderforskriklikst rûch man. Hy stie nergens foar, hy joech om God noch syn gebot.
Hy arbeide by lytse Bonne (Algra). Op in moarn doe't er dêr hinne soe woarde er sa bot smiten, dat hy is dêr razendewei by de plaets kom. Hy is sûnt altyd kreupel bleaun oan 'e iene foet.
Jehannes is hielendal...
nl.verhalenbank.24517
Jehannes van der Zee wie arbeider by Sjoerd Bonnes to Sumar. Jehannes wie de greatste heiden fan 'e heide, dy't oan God noch syn gebot leaude. Op in moarn soed er nei Sjoerd Bonnes ta. Hy roan de Hearrewei net del mar roan de pasterijelânnen oer. Dêr roan in dyk mei hege beammen by it paed lâns. Underweis kaem der ien njonken him.
"Goeije Morgen", sei...
nl.verhalenbank.32064
Yn Suwâld wenne in frommeske, dat wie in muoike fan Antsje Kak fan Garyp. Dat frommeske wie in raren-ien. Sy wie ek bot oan 'e drank.
Op in moarn ha se har dea foun mei de nekke omdraeid. Dat hie de boaze dien fanwege har rare streken.
nl.verhalenbank.20275
By Burgumerdaem wie in timmerman, dy hie 't bakje mei ridskip oer 't skouder. Hy hie to timmerjen west en wie op wei nei hûs ta. Underweis hied er oanstutsen en 't wie al hwat skymrich. Hy wie frijhwat rûch yn 'e mûle.
Underweis helle ien him yn, dy roan njonken him.
"Goeije navend", sei de timmerman, mar de oare sei neat.
"Wolstû forrekkeling, neat...
nl.verhalenbank.31811
Op 'e Harste wie us in kloftsje jongfolk. Sy dienen it raer en flokten dat it hwat die.
Alde Japik Tsjuster hie der ek by west. Dy wie doe noch jong. Ynienen wie der samar yn 'e nacht in klok mei piken oanstappen kom út 'e Harsteloane wei. Hja wienen allegear sa binaud woarn, dat se piken stik foar stik út.
nl.verhalenbank.32482
Yn Drachtster Kompenije hat Eise Poal wenne. Dat wie in flokker en in spotter. Op in joun hie dêr ris lawaei west, boven yn 'e skuorre. 't Gong der bot oan wei, mar Eise wie net bang. Der wie net ien dy't dêr hinne doarst, mar Eise wòl. Hy flokte om 't oare wurd en doe't er boven op 'e leider stie, sei er: "Hwer bistû, foar den duvel?"
Hy hie 't net sein...
nl.verhalenbank.32928
Hjir hat ek in feint wenne, dy wie ek hiel rûch. Flokke en oangean, oars koed er net. Doe wied er in kear op 'e Griene Loane (to Sumar by 't bigjin fan 'e Hearrewei). Dêr hat de duvel him topakken krige en hiel bot smiten. Hy hie om tabak west. Idere kear as de duvel him smiten hie lei der in kladde tabak op 'e loane. Sa bot wie 't oankom.
nl.verhalenbank.24518