Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
It is us in kear op 'e Lange Wyk gebeurd, dat dêr ien oer de dyk smiten woarde. Dat wie in tige rûch man. Hy hie earst in skoft yn 'e kroech sitten en rare wurden brûkt. Dêr hied er de boel forsweard. Doe hat de duvel him opnom en oer 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.22955
Sape Boersma fan Gerkeskleaster hie tofolle dronken. Hy hie yn 'e kroech sitten en doe gong er op 'e fyts sitten. Hy flokte as in ketter. Underweis, achter Strobos smieten se him yn 't Knjillisdjip. Dat die de duvel. Hy is der wer útrekke, mar doe wied er aerdich bikaem. Letter flokte er net mear.
nl.verhalenbank.30968
Yn Surhuzum, dêr ha guon it hillich nachtmiel fierd yn 'e kroech. Fiif man wienen oanwezich. Alle fiif hienen se de jas omstrûpt oan. En hja wienen mei de bleate holle. (Gewoanlik hâlden se yn 'e kroech de petten altyd op.)
Der wie in boer dy't de lieding op him naem.
Se binne raer thús kaem, alle fiif, hwant it wie spotten tsjin it Opperwezen. Mar de...
nl.verhalenbank.32189
Jan Huizinga wie slachter yn Burgum. It wie ien dy't gauris in romerfol kochte. Hy wie faek dronken en dan swearde en swetste er mar raek.
Doe wied er op in kear oan 't hûs fan kantonrjochter Schaafsma ta: Glinstra-State. Hy hie 't wer raer opsein. Dêr woarde er ynienen opnom en yn 'e gracht smiten.
Op 'e kop der yn. 't Wie op in joun.
Sûnt hat er noait...
nl.verhalenbank.28639
Doe't ik noch sa'n jonge wie gebeurde 't op in kear dat in stik of acht, njoggen man, sa'n ploechje jongfolk, op in joun oan 't kuierjen wie. Sy kommen út 'e kroech en guon hienen 't raer opsein. Doe't se healwei Surhuzum en Stiensgea wienen, sahwat krekt by 't âlde pypke woarde der samar ien út it keppeltsje weismiten, boven oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.26214
Frâns wenne yn Surhuzum. Hy wie frijgesel en in dikke sûplap. Syn mem gong altyd bot tsjin dat sûpen yn. Hja warskôge him geregeld en sei: "Dit kin dy noch wol ris raer ôfgean."
Mar hy spotte mei har wurden en hy flokte der grouwelich by. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er.
Op in snein-to-joun kom er wer thús. Hy wie smoardronken. "Hast nou al wer...
nl.verhalenbank.26216
Doe't ik in jonkje wie, wennen wy yn Stiensgea.
Dêr wenne ek in fédriuwer, dat wie Boele Tseard. Dy fortelde doe us:
Myn omke gong us in kear hjir yn Stiensgea achter de Bosk lâns. Omke dat wie in hiele dikke gewante keardel. Dy wie nergens binaud foar. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach omke dat der in keardel achter him oan kom. Dy bleau mar achter him oan...
nl.verhalenbank.22138
Yn Grypskerk yn 'e kroech wie us in ploechje jongfolk. Sy woenen wille ha en doe tochten se: Wy matte it heilich avondmael mar ris fiere. Sy dienen it spottenderwize. Doe kom de duvel der yn. Doe ha guon fan dy feinten it sa op har senuwen krige, dat se der altyd hwat fan oerhâlden ha.
nl.verhalenbank.22862
Ik wie 27 jier, doe wurke ik by de spoarbaen yn Bûtenpost. Der wie ek in sekere Jehannes v.d Velde by de ploech. Dy kaem fan Surhuzum en wie troud mei Katootje Looijenga. Doe't er feint wie, wie 't in hiele raren-ien. Hy fortelde ús, hy hie de duvel faek útnoadige. Dy woed er wolris treffe. Hy dronk geweldich. Doe op in kear doe kaem er út 'e kroech mei...
nl.verhalenbank.30963
In omke fan ús mem wenne yn Toutenburg op Swarteweisein. (Toutenburg is fan 'e Ypey-stifting.) Hy hiet fan Romke en wie in fromme man. Mar sa hie 't net altyd west. Yn syn jonge jierren wie 't in earst raren-ien. It gong him noait to mâl. Hy wie in great spotter en flokte sahwat om 't oare wurd. In ûnforskillich man.
Hy woe noait fortelle hoe't er bikeard...
nl.verhalenbank.32152