Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zondaar Place of Narration: Boelenslaan
Lútsen Rinkelsma wie oan 't baggeljen. It wie net in bêsten ien. Hy sliepte yn 'e keet. Nachts woardde hy út bêd wei helle troch in man. Dat wie de kweade. Hy woardde troch de baggelgatten jage en smiten en hy koe him de kiezzen wol yn 'e bek telle. En hy hie sels oan elke hier in switdrip. It is my 52 jier lyn forteld. Ik wie doe 13 jier.
nl.verhalenbank.32401
Wy sieten us in kear op 'e Langewyk mei in keppeltsje Harkema's yn 'e kroech. It wienen rûge mannen. Sy seinen tsjin my: "Dû giest mei." Sy nommen my mei de kant nei de Harkema út en ik forsette my net. Wibe Alma wie der ek by. Dy woarde samar opnom en yn 'e wyk smiten. Wibe krûpte der wer út en sei: "Hwa duvel hat my dat lapt?" Wer in lyts eintsje...
nl.verhalenbank.25509
Der kom ris in ploechje jongfolk fan 't hurdriden fan Stiensgea. Ien wie in botte spotter. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er, en sokke dingen mear. "As hy der is," sei er, "dan kin er mar komme." Doe moesten se fan Blaufallaet nei Surhuzum. Dêr roan in âld paed njonken 'e feart del. Dy iene swearde en swetste mar raek. Ynienen wie dêr in dikke...
nl.verhalenbank.27281
Alde Lútsen wie in rûch man. Hy wenne by de Fjouwer Roede. Hy hie in hiele grouwe buchel op 'e rêch. Dat wie allegear synwetter. (in synbult) Dokter Hemminga fan 't Surhústerfean woe him foar in goune dy bult weinimme. Mar dat woe Lútsen net. Hy sei: "Sjoch us even, dizze is my mear as in daelder wurdich. Hwant as ik dizze kwyt bin, dan krij ik de klappen...
nl.verhalenbank.25305
Rinse de Wind flokte in hiele dei troch. Nachts wie er deabinaud. Hy is ris in kear fan 'e wei ôf smiten woarn. Sytse Jager wie ek sa binaud nachts. Dy doarst net by nacht allinne bûtendoar. It wie in minnen-ien, in ûnminske. Hy forwinske alles en flokte as in ketter. Hy is op in kear troch de duvel oer in dyk smiten woarn op it eintsje wei fan Rienk...
nl.verhalenbank.32225
Yn 'e Harkema wenne in man dy sei: "As der in duvel is, dan wol 'k him wolris sjen." En doe flokte er hiel bot. Even letter kom de duvel en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.28134
Yn 'e Harkema wennet Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet in kear yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy wie dronken en brûkte in soad flokwurden. As der in God wie, sei er, dan woed er him wol us sjen. Doe't er bûten wie, en nei hûs ta soe, woarde er samar opnom en oer de beammen hinne smiten.
nl.verhalenbank.32420
Eeuwe Broersma fan Grinzer Pein krige yn novimber 1918 de Spaense gryp. Hy moest fuort, mar hy koe net ta stjerren komme. Hy hie hwat op syn geweten. Wit hoe lang hat er mei de dea omkrúst. Op 't lêst bikende er hwat er dien hie. Hy hie in winkel en nou hied er minsken bidondere mei 't forkeapjen fan minne hoazzen. Doe't er it bikend hie, wied er samar dea.
nl.verhalenbank.28525
By Jan de Vries, dy't njonken ús wennet, wie 't froeger altyd o sa roerich yn 'e hûs. Allegear great-jonges, dy't sterke wurden brûkten. It gong der soms allerheislikst oan wei by har yn 'e hûs. Mar doe stie der op in joun samar ien achter de tafel. 't Wie in manspersoan. Hy steunde mei beide hannen op 'e tafel en hie in krûm pypke yn 'e mûle. Ien hûsside...
nl.verhalenbank.28333
Kuke Ruerd (van der Veen) kom op in joun fan 't timmerjen. Hy moest de Skeanpaden oer nei de Harkema. Dêr leinen allegear houtsjes oer de sleatten. Doe't Ruerd oer ien fan dy houtsjes soe, woarde er op 'e kop yn 'e sleat goaid. Ruerd wie in raer man, it koe him neat skele hwat er sei. Dêrom hie de duvel him pakt.
nl.verhalenbank.28091
Heit fortelde: Wibe Alma kom in kear út 'e kroech. Hy hie to folle hawn en forwinske alles. Foar de duvel wied er net bang, hied er sein. Ynienen wie der hwat njonken him lâns gong. 't Wie in persoan. Dy reizge mei him oan hûs ta. Wibe hie skoan yn 'e gaten dat it de kweade wie en hy tocht him sa binaud, dat it swit hie him ta alles út roun. Dy persoan...
nl.verhalenbank.28090
1