Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zondaar Place of Narration: Augustinusga
Yn Bûtenpost wienen in man en in frou út to jounpraten. De dochter hie twa froulju by har to jounpraten noege. Sy dienen it dy jouns hiel mâl en seinen rare dingen. Se wedden der om hwa't it dy jouns it raerst opsizze koe. De jouns let gongen de fammen fuort. Doe wie der har in pleachbeest op side kom, 't like in hiele dikke swarte houn. Earst bleauwen...
nl.verhalenbank.27806
Yn Readskuorre is it gebeurd dat it jongfolk spottenderwiis it heilich avondmael fierd ha. As ik der oan tink wurd ik der raer fan. Alde Minne fan Piter Minnes mat der by west ha. Mar 't is him letter net bêst gong. Ynpleats fan mei sinten to streekjesmiten, smiet hy mei ryksdaelders. Dat wie slim grouwelich yn in tiid dat it allegear earmoed wie. Gjin...
nl.verhalenbank.32717
Der wienen twa man, dy roannen op in jountiid togearre. De iene kom fan 'e Harkema, dy wie o sa goddeloas, de oare kom fan Surhuzum. Hja kommen by in daem, dêr moesten se om in stapke hinne. Doe kom dêr in keardel oan, dy pakte de spotter by de lurven en dy seame er hiel bot ôf. It fremde wie dat dy man út Surhuzum noait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.32716
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Yn Surhuzum stie in kroech, dêr wenne om 1880 hinne in sekere Hulshof yn. Dy wie dêr kastlein. Dêr siet us in ploechje manlju, dy woenen dêr yn 'e kroech it Heilich avondmael fiere. Mar it wie spotten. Der wie ien, dy soe de avondmaelswyn útdiele. De beker hie er yn 'e hân. Mar doe woarde him de beker samar út 'e hannen slein sûnder dat se sjen koenen...
nl.verhalenbank.22738
Op 'e Nije brêge by Readskuorre wienen guon oan 't spotten en swearen. Dêr wie ek in timmerman by: Ruurd van der Veen. Hy hie 't bakje mei ark oer 't skouder. Doe't er by de twadde brêge kom, wie dêr in wiif west, dy smiet him oer de brêge. En dat in frommes! Ruerd flokke by heech en by leech: "En nou mast g.v.d. my us wer..." Doe wied er sa bot smiten...
nl.verhalenbank.25318
Us heit syn heit wie oan 'e drank. It wie in plakker en hy kom faek let yn 'e nacht thús. Op in kear, doe kom er thús, doe wied er alhiel fan 'e wize. Hy hie ûnderweis in greate fjûrbol sjoen, krekt as hied er hier op 'e holle. Hy wie sa kjel woarn en sa binaud, dat hy hie in skoftlang de drank stean litten. Hy tocht dat dit in straf wie foar syn sûpen.
nl.verhalenbank.22733
Hjir yn Stiensgea wenne yndertiid in goddeloaze man. Dat wie Boele Ytsma. Hy wenne yn 't West. It wie in greate spotter. Op in snein-to-moarn gong er mei syn frou Fokeltsje mei in koe nei de bolle ta. Hy moest troch trije hekken. Mar dy hekken sprongen samar fansels iepen. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. Sa hie dy him topakken.
nl.verhalenbank.32721
Yn Surhuzum,yn 'e herberch dêr't doe IJe Hulshof wenne, hat it jongfolk al us it avondmael fierd. Se binne dêr raer wer wei kom en hawwe har straf foar dat spotten goed krige.
nl.verhalenbank.27664
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen. Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737
Hjir yn 'e buert hawwe minsken wenne, dy ha 't Heilich Avondmael yn 'e kroech fierd. Ik neam gjin plak en gjin nammen. Sy binne neitiid omraek omseame en sy binne ek raer oan har ein kom.
nl.verhalenbank.27990
Ruerd van der Veen wenne yn 'e Harkema. It wie in rûch man, hy koe ûntsettend flokke. Hy wie op it Bomkleaster oan 't wurk, hwant hy wie sa'n bytsje timmerman. Hy timmere oan ien fan 'e beide pleatsen, dy't mei de kont nei de wei ta stean. Doe't er de jouns klear wie soed er nei hûs ta. De bak mei ridskip hied er op 'e rêch en hy hie in pet op 'e holle....
nl.verhalenbank.21851
Yn Surhuzum sieten in stik of hwat manlju yn 'e kroech, dy boatsten it avondmael nei. Doe't se in skoftsje oan 'e gong wienen, woarde alles trochelkoar skodde en oplicht. 't Wie ynienen allegear leven. Sy woarden trochinoar smiten en de doarren gongen fansels iepen.
nl.verhalenbank.27809
Myn man fortelde: Op 'e Tike-brêge stie us in keppeltsje jongfolk byelkoar. Sy spotten as beesten en flokten en ketterminten sa bot dat it net moai mear wie. Doe kom der in swart ding op 'e brêge. Dat hat de duvel west. Doe binne se allegear fan binaudens útnaeid.
nl.verhalenbank.22743
Sytse Jager fan 'e Harkema ha 'k faek mei hawn to murdejeijen. Hy wie de raerste fan 'e Harkema. 't Koe him allegearre neat skele hwat er sei of hwat er die. Doe woarde er op in kear opnom en oer de dyk hinne smiten. En doe hat de duvel him in ôfgrysliken wân jown. Sûnt wie Sytse fjûrbinaud. Hy doarst der jouns net mear allinne op út. As wy to murdejeijen...
nl.verhalenbank.34531
Hjir wenne in sekere Fogeltsje. Dy har man wie bot oan 'e drank en dan gong 't altyd op in swetsen en swearen. Op in kear, sa fortelde Fogeltsje, doe hied er yn 'e Ham yn 'e kroech sitten, doe moest er nei Stiensgea ta rinne. Doe't er yn 't west fan Stiensgea wie hied er ien moete. Dy hat mei him fochten en wol sa bot, dat hy kom bont en blau thús. It...
nl.verhalenbank.27638
1