Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Kollumerzwaag
Myn broer kom us op in nacht mei in kammeraet de Twizelerwei lâns. Sy kommen by de froulju wei. Syn kammeraet, dat wie Bosma fan Twizel, dy wenne doedestiids yn 'e Westerein. Op 'e Twizeler Nijewei troffen se ûnderweis om in ûre of twa hinne yn 'e nacht in jonkje en in famke, dy hâldden elkoar by de hân beet. Dy bern wienen ± fjouwer à fiif jier âld. Sy...
nl.verhalenbank.22685
Yn 'e Westerein spûke in frommes, dat sweefde yn wite klean by de wâllen lâns. Hja hie in bân om 'e rôkken hinne. Men seach har allinne by nacht. As de kooplju yn 'e nacht út 'e Westerein wei mei de hynders nei de merk ta gongen, dan koenen se de hynders net fierder krije as dy wite juffer der wer spûke. Dy hynders wienen dan bang.
nl.verhalenbank.29932
Froeger wie dizze wei hjir net, dêr't wy nou oan wenje. Doe moest men it spoar del. Op in kear soenen heit en dy to sûkerij-dollen. Doe wie er by de oerwei, dêr't nou de flikkerljochten binne. Dêr hie hwat west, mar heit hie net sjen kind, hwat. Mar 't wie troch de grindstiennen hinne gien en de grindstiennen hienen der nei stoud.
nl.verhalenbank.29528
Der roannen op in joun fjouwer minsken op 'e Kapelle ûnder Rinsumageast. 't Wie al let. 't Wienen twa manlju en twa froulju, dy hienen to jounpraten west. De iene man wie in grapjas. Doe seagen se in frou oankommen, mei lang hier dat se los droech. De grapjas frege har: "Wolst ek forkearing ha?" Mar hja sei neat. Hja sweve samar fuort. Doe woarden se alle...
nl.verhalenbank.30107
By de Skilige Piip spûke it. Dêr seagen guon wolris hwat.
nl.verhalenbank.29536
Ek in kear doe roannen der trije neakene berntsjes samar njonken him lâns. Dat duorre gâns in ein. Doe woarden se ek samar wer wei.
nl.verhalenbank.23664
Yn Frjentsjer lei in fartúch mei houten lûken der foar. 't Wie dêr net plús. Der wienen nachts altiten werkgeesten dwaende. Dan gong it op in flapperjen, dan wie 't rounom lawaei. Wy ha 't wol faek heard. Mar wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.25823
Oan 'e Boppewei spûke it. Guon minsken seagen dêr altyd hwat. Balling Heidstra, de pake fan 'e tsjintwurdige skuonmakker doarst dêr net allinne lâns. Op in joun kaem er dêr mei heit lâns. Doe fleach er heit by de hûd op fan angst. Hy seach hwat dat him sa bang makke. Heit seach neat. Hy switte as in oandrager doe't se yn 'e buorren kamen.
nl.verhalenbank.38613
Der spûke in swarte houn tusken Feankleaster en Twizel op it Wyldpaed. It wie in great beest, mei egen yn 'e kop as koallen fjûr. 't Waerd der ljocht fan yn 't tsjuster, as hy der oan kaem. Men koe him altyd oankommen hearre, hwant syn poaten klapten krekt as dy fan in hynder. Noait liker as sieten der hoefizers ûnder, sa hearde it. Der binne wol guon...
nl.verhalenbank.29927
9