Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Knjillis Veenstra wenne yn 'e Westerein by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren en moest faek yn 'e nacht út bêd wei om hwat to sjen. Hy hat him der wol hiel bot tsjin forset, dan wòed er lizzen bliuwe, mar 't joech neat, der wie in macht dy't him dreau.
Hy hat fan tofoaren sjoen, dat syn eigen dochter fordronk. Hy doarst it net tsjin 't âld-minske to...
nl.verhalenbank.21286
Heit dy fortelde fan in kanael, de Strobosker trekfeart. Doe't dat kanael der noch net wie, seach heit dêr de skippen al farren. Heit wenne yn Sânbulten.
nl.verhalenbank.29626
Japik Zijlstra fan Kollum fortelde. Der hienen ris twa boppe op elkoar stien, dy woenen ien kjel meitsje.
Doe't dyselde der oankaem wie er stean bleaun en hie sein: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boppeop." Doe wienen dy beiden sa bang woarn, dat se wienen hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.38475
Keke syn soan Klaes hie syn forstân net.
Hy hat syn eigen dochter fan tofoaren fordronken sjoen.
nl.verhalenbank.38461
De duvel kaem wolris op in nacht de minsken oer 't mad.
Se koenen him oan 'e hynstepoat en soms hied er in ketting oan 'e poat. Sa hawwe guon yn 'e Westerein him wolris sjoen.
nl.verhalenbank.38471
Myn broer Piter wie in jonge, doe seach er yn 'e krimpe fan in hûs op 't Skier yn 'e Westerein in man stean, dy wie hielendal yn 't swart. 't Wie in man fan 'e bigraffenis, in drager of sa. Mar yn werklikheit wié dy man dêr net.
Mar in dei of hwat letter forstoar dêr ien yn dat hûs.
En dóe stie dy man dêr wol echt.
nl.verhalenbank.38459
It is jierren lyn. Ik en myn feint kommen us fan Sweagerfean. Wy moesten nei de Triemen ta. Wy roannen de Úlke-loane del by Swagerfean. Doe't wy sahwat midden op 'e loane wienen, en oer de feart seagen, seinen wy: "Sjoch, dêr is brân!"
Dêr woenen wy hinne en sa kommen wy op 'e Trekwei. Mar dêr wie neat to sjen. Alles wie tsjuster.
In jier nei dy tiid...
nl.verhalenbank.23086
Op Kollumersweach wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren bigraffenissen.
nl.verhalenbank.23087
Oan 'e Wâlddyk ûnder Aldwâld is in lyts brechje. Dêr is de duvel ris oerhinne roan. De print fan syn hynstepoat is dêr altyd noch to sjen. Dy brêge neame se de duvelsbrêge.
nl.verhalenbank.38472
Syn soan Gerrit wie trouwens ek omrake sterk.
Dêr't wy wenne ha op 't Skier, rekke de dokter mei de auto yn 'e greppel, tsjin 'e bou oan. Dokter koe dêr net wer wei komme. Hy hie by mem en dy west, en doe wie de auto by 't paed delsketten.
Gerrit hie dat sjoen. Hy hie tsjin dokter sein: "Hwat nou?"
"Ja," hie dokter sein, "ik sit hjir fêst."
"Even...
nl.verhalenbank.38466
Ien fan Feankleaster rekke nei Jan Monsma ta. Dy wenne yn Rinsumageast en wie dêr wonderdokter.
Deselde dy't dêr hinne gong wie in pasjint fan dokter Tilma fan Kollum. Hy naem it wetter mei.
Monsma biseach it wetter en sei: "Jo wenje yn Feankleaster, oan 'e súdkant fan 'e wei, yn it safolste hûs fan 'e hoeke ôf en dêr sit in skuor yn it suderkoufinsterke,...
nl.verhalenbank.20177
Oerpake Jehannes, dêr't ik nei neamd bin, hat sjoen dat in frommes yn in readbaeijen ûnderrok op 'e biezem troch de loft fleach yn Mouneein. Dat wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.20930
Yn 1824 wienen der lju op 't lân ûnder 't Blauhûs, yn 'e Sensmeer oan 't wurk. Doe wie dêr in jonge, dy't rôp: "Minsken, minsken, wy matte hjir wei, der komt in skip oansilen, lyk op ús ta!"
Mar de minsken seinen: "Dû bist net wiis." Hwant dêr wie neat to sjen.
Mar it oare jiers (1825) kom it séwetter sa heech opsetten, dat doe foer der ècht in skip lâns....
nl.verhalenbank.21742
Der gong us ien út Eastemar de Langeastloane lâns. Doe seach er in pasgeboaren berntsje dwars oer de wei gean. It gong oer de dyk hinne en woarde wei. Letter seach er it nochris inkelde kearen. It wie in neaken berntsje. (forteld troch Jaring Veenstra via Meint Bottema ± 1908 by de famylje Wybenga)
nl.verhalenbank.20933
Pake fan Readtsjerk wie oan 't turfmeitsjen tusken Readtsjerk en Feanwâlden. Doe hearde er gebolder yn 'e loft. Doe sprong er út 'e feandobbe wei op 'e kant om to sjen hwat it wie. Doe seach er in wolkje oan 'e loft, dêr kom it gebolder út.
It oare jiers kom de trein der. Dy makke krekt itselde lûd. It hie dus foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.20926
Us heit kom fan Rotfalle. Dêr wenne in man, fortelde er, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes yn 'e nacht.
Op in nacht hied er in man by him hawn. Doe hied er sein: "Mast hjir om tinke, as der aenst in lykstaesje komt, dan mast oan kant gean."
Doe't it sa fier wie, sei er: "Op side." Doe moest dy oare yn allegear drek en brabze stean gean. Hy...
nl.verhalenbank.26172
Yn 1862 wie der de oerdeis samar ynienen in fjûrbol yn 'e loft. It joech in freeslik geraes. Oer in great part fan Fryslân is 't sjoen woarn. Us pake wie yn Feanwâlden oan 't feantsjen. Hy wie ynienen oan kant sprong, sa kjel waerd hy der fan. 't Lawaei kom út 'e loft. De oare deis hie foar it earst it spoar riden fan Ljouwert nei Grins. It hie...
nl.verhalenbank.19615
Yn Lutsjewâld kom ris in keardel fan 'e merke. Us heit fortelde dat dy keardel troch in beam krûpte. Dy beam dy lei dêr op 'e groun. Hy rôp nou en dan: "Sjoch jim my wol?"
Der stie ek ien fan 'e famylje fan 'e Poortinga's by. Dat wienen lju, dy wienen net bleu en goed sterk.
Poortinga seach dat dy merkeklant dêr by lâns krûpte ynpleats fan der troch, mar...
nl.verhalenbank.26949
Heit en mem gongen in kear nei Feanwâlden ta.
Op 'e neidei, doe't se weromkommen, wienen se op 'e Boppewei. Dat is tusken de Westerein en Feanwâlden yn. Oan 'e oare kant de sleat seagen se twa yn regenkleden. Hja sweven mear as dat se roannen. It wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23088
As wy in tsjoenster seagen, setten wy mei in stien of mei de klomp in krús op 'e wei. As it in echte tsjoenster wie, koe se der net oer hinne komme, mienden wy.
nl.verhalenbank.38469