Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Eastemar op it Doarpslân stie froeger in boskje.
Piter Kamminga roan faek fan Eastemar nei Jistrum. Dat gebeurde meast by jountiid en dan gong er altyd de Achterwei lâns. Dy hat faek sjoen, fortelde er, dat der in gedaente út dat boskje wei kom, dy't dwars oer de wei hinne gong en weiwoarde yn it lân oan 'e oare kant
nl.verhalenbank.21865
In man wie op it Bûtlan to Eastemar oan 't murdejeijen. Doe seach er hwat. It wie noait liker as wienen it bulten hea. Tichterby like it in wyt hynder. It forweegde. Hy hie in goeije houn by him, dy't bigong to spûkgûlen. It forskynsel kom oer de dyk hinne. De man makke doe hastich, dat er dêr wei kom.
nl.verhalenbank.20085
Juffer Lys spoeke yn Burgum om 'e fivers hinne fan it slot, dat der nou net mear is. Guon ha har sweven sjoen yn 1878.
nl.verhalenbank.21862
Auke Roanes fan Eastemar hat op 'e Parsingel in wyt hynder spûkjen sjoen. Der siet in mynhear op mei in wyt befke foar.
nl.verhalenbank.21813
Yn 't Skoalleboskje spoeke it. Dêr wie jouns hwat. Ien hie dêr in ingel sjoen, dy floddere oer de wei, seinen se.
nl.verhalenbank.21878
Boardzer Bruining fan 'e Houtigehage wie mei de keppel op 'e Grinzer klaei. Dêr wie ek in neef fan myn wiif by. Doe seach Boardzer dêr op in nacht yn 'e skuorre, dêr't se yn slepten, twa neakene berntsjes omrinnen. Dy koenen de rêst net krije, omt se gjin deaklean oankrigen hienen.
nl.verhalenbank.22267
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip.
Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
Albert Postma wie de heit fan Klaes Oersetter. Hy wie fisker en gong der yn 'e nacht algeduerigen op út, mei syn boatsje. Hwerom, dat wie net bikend, mar men tocht, dat er dan hwat sjen moest.
nl.verhalenbank.21828
Alde Frytsen to Eastemar moest der yn 'e nacht om tolve ûre út. Hja koe yn 't tsjuster sjen.
nl.verhalenbank.21834
Alde Jitse Bouma moest der nachts om tolve ûre ek út
nl.verhalenbank.21835
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
Oan 'e Achterwei to Eastemar is in boskje, dat is yndertiid kocht woarn troch Japik Murd (= Hoekstra).
Piter Kamminga fan Jistrum kom de Achterwei del. Doe seach er de skime fan in man út dat boskje wei kommen. Hy gong oer de daem.
Letter hat Piter dat wol faker sjoen. 't Wie neffens him in spoek.
nl.verhalenbank.34637