Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn pake hiet fan Sjoerd Klazes Nicolai. Hy wenne to Eastemar. Op in kear hat er us in reus sjoen, dy stie strampele oer de sleat hinne..
nl.verhalenbank.23663
Myn skoanmem en Wyts (in suster fan Jehannes Hountsje) hienen us togearre as fammen nei Sumarremerke west. Skoanmem hie in feint krigen, Wyts net. Dy feint wie Sweitse van der Meer.
Skoanmem en Sweitse roannen oan 'e iene kant fan 'e wei, Wyts allinne oan 'e oare kant.
Doe sei Sweitse ynienen tsjin skoanmem: "Even oan kant, hwant dêr komt hwat oan." Doe...
nl.verhalenbank.32452
Twa reuzen wienen mei in kanael oan 't graven. Hja brûkten elk in heale pream, dêr dolden se mei. De modder kaem oan 'e kant fan 'e feart to lizzen. Hja koenen dêrtroch net sjen of er wol rjocht waerd.
Doe sprong ien fan harren boppe op in modderheap en hy seach achterom.
"Ah - krom!" rôp er. De feart wie bryk. Doe krige it plak dêr de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20625
Us heit Piter wie noch mar even troud. Op in kear sei ús mem: "Sille wy even nei myn folk ta?" "Bêst", sei heit.
Doe't se wer op hûs ta roannen, gongen se oer in sânreed. Heit sei ynienen tsjin mem: "Pas op, gean hwat oer side. 't Is hjir allegear wetter."
"Ei né," sei mem, "der is gjin wetter."
"Doe," sa fortelde heit letter, "stie 'k foar twa keardels,...
nl.verhalenbank.21209
Ik wie boerefeint yn Surhuzum. Op in kear kom ik de moarns fjouwer ûre ta de plaets út, doe seach ik dat der ien yn 't hôf wie. Ik tocht: dy sit ta de apels.
"Goeije morgen", sei 'k, mar hy sei neat werom.
Ik sei nochris fan "Goeije morgen", mar hy sei wèr neat.
Ik tocht: Hâld dy dan mar stil. Ik gong nei de wei ta. Mar doe't ik op 'e wei wie en fierder...
nl.verhalenbank.25254