Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn.
Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr.
Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap.
Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?"
"It sweeft", sei de soan.
"Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen.
Hy het dat fan te foren sien.
nl.verhalenbank.27326
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
As in sémearmin har fortoant, dan gebeurt der in ûngelok op 't skip.
nl.verhalenbank.27873
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen dat wienen de lettere wegen en huzen.
nl.verhalenbank.25719
Us mem siet by myn suster. Doe wie se al âld en minnichjes. Sy seach nei in plak op 'e flier en sei: "Tink der om, net op dy swarte lint traepje."
"Is dêr dan in swart lint?" frege myn suster.
"Ja," sei se, "sjoch, dat rint nei 't finster ta en dêr giet it by op."
Mar myn suster seach neat.
In wike letter siet mem yn 't sintsje bûtendoar. Doe hie se 't...
nl.verhalenbank.25709
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou.
Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns.
Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om.
Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Likele Kuipers, dy't op 'e Skieding wenne hat, seach alle nachten in keardel oer de Janke-dobbe sweven mei in wyt festje oan.
nl.verhalenbank.26025
Geart Zijlstra wenne oan 'e Fryske dyk ûnder Greategast tusken de Mieden en Strobos. Dy seach op in joun in hiele streek ljochten fleanen by de kym lâns. Hy wist net hwat dat wie. 't Wie allegearre ljocht.
Letter kom dêr de spoarlyn lâns.
nl.verhalenbank.25707
Doe't ik in jonkje wie, seagen se hjir draeiljochten by joun. Doe wie der noch gjin tram. Letter wienen 't de ljochten fan 'e tram. 't Hat foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.26783
Heit wenne letter op Driemunt. (Bearn v.d. Woude)
Op in joun lei er op bêd, 't wie moai ljochtmoannewaer. Hy seach ta it sydfinsterke út en doe seach er in ljochte glêdde streek, krekt as wie 't in iisbaen, samar midden troch 't lân. Dêr leit nou de rykswei 43.
Heit wie doe sahwat tachtich jier âld. It gebeurde in pear jier foardat de wei der kom.
nl.verhalenbank.26033
Wy wienen fan dy jonge bazen fan in jier of acht, njoggen. Wy hienen in great sângat by 't hûs.
Op in kear wienen wy dêr oan 't boartsjen, doe kom dêr in raer ding by ús yn 't sângat.
Wy roannen om leven en dea.
Heit der hinne om to sjen. Mar der wie neat.
Doe de houn der hinne, dy foun ek neat.
It sângat woarde ús forbean. Mar hwat dat ding west hat ha...
nl.verhalenbank.25710
Bearn van der Woude wie myn heit. Hy wie us mei mem to jounpraten nei syn swager, dy wenne sa'n trije hûndert meter fan him ôf. It gong altyd op in kaertspyljen as heit en omke by elkoar wienen. Mar doe hie heit de spylkaerten forgetten dy kear. Hy gong werom om se to heljen en omke gong mei. Sy gongen skeanoer troch 't lân, dat wie 't koartste.
Doe binne...
nl.verhalenbank.26023
Witte wiven gingen altyd door 't bos van Jild Dyk. En so ferdwenen se weer. 't Waren twee witte frouljuu.
Dit gebeurde faak. Forskeidene hebben se sien.
nl.verhalenbank.25852
Boersma fan Niekerk dy wie chauffeur op in auto yn Londen.
Op in kear wie 't dêr sa mistich west, fortelde er, dat doe hie der in man foar op 'e auto sitten mei in angelstok yn 'e hân en mei de angelstok hied er hyltyd mar field en taest nei auto's dy't der oankommen. Sa mistich hie 't west. De chauffeur hie neat sjen kind.
nl.verhalenbank.28190
Ik sjoch in lykstaesje altyd fan fierrens al oankommen. Men mat dan beslist oan kant gean yn 'e barm. Dan geane se jo foarby. As men se gjin paed lit en men bliuwt midden op 'e wei, dan wurdt men oan kant smiten. Ek deselden dy't de lykstaesje net sjogge wurde dan oan kant reage.
nl.verhalenbank.24179
Hjir yn de Pein hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy man seach lykstaesjes foarút.
Op in kear doe seach er wer in lykstaesje. Underweis gong ien fan 'e stringen fan 'e beide hynders dy't foar de wein rounen, stikken. Dat seach er en dat fortelde er oan 'e minsken.
In dei of hwat letter forstoar der in bikend persoan yn De Pein. Doe't dy nei...
nl.verhalenbank.37573