Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As wy moarns ier de skiep nei Ljouwert ta dreauwen, hearden wy oan 'e oare kant Hurdegaryp dúdlik timmerjen. It wie yn myn jonge jierren.
Letter is dêr it spoar kom.
nl.verhalenbank.32449
It wie hjir froeger allegear heide mei hjir en dêr in spitkeet.
Der wienen twa froulju út dy spitketen, dy hienen nei Sumar nei de merke ta west. Yn 'e nacht kommen se werom.
Sy roannen in reed del tichte by de âld tramwei. Doe seagen se dêr in mantsje stean, in hiel lyts mantsje. 't Wie mar krekt eefkes greater as in heale meter.
De froulju deabinaud...
nl.verhalenbank.33352
Douwe de Glee wie boerefeintsje by in pear âlde minsken.
Dy wennen to Aldegea yn 'e Goudtsjepoel. Op in kear wie hy der op út west. Hy kom pas yn 'e nacht thús by de âlde minsken. Dy âlde minsken leinen noch net op bêd. Doe't Douwe dêr oan ta wie seach er twa wite froulju skeanoer stappen op Smelle-ie yn. Hy sei tsjin 'e âld-man (Jehannes): "Jo matte gau...
nl.verhalenbank.33355
Yn Sumarreheide kommen elk jier heideteppers fan 'e Westerein mei hynder en wein. Dy hellen in weinfol heide op, dêr't se winterdeis heidenbiezems fan makken.
Op in kear wienen se op 't plak, dêr't nou de grifformearde tsjerke sahwat stiet.
Doe seach ien fan har in hiel greate, grouwe swarte houn njonken 'e wein.
Hy hie de swipe al klear om it beest in...
nl.verhalenbank.32455
Myn skoanmem en Wyts (in suster fan Jehannes Hountsje) hienen us togearre as fammen nei Sumarremerke west. Skoanmem hie in feint krigen, Wyts net. Dy feint wie Sweitse van der Meer.
Skoanmem en Sweitse roannen oan 'e iene kant fan 'e wei, Wyts allinne oan 'e oare kant.
Doe sei Sweitse ynienen tsjin skoanmem: "Even oan kant, hwant dêr komt hwat oan." Doe...
nl.verhalenbank.32452
't Wie op in joun let. Ik wie even bûten. Doe seach ik Gurbe, dy wie noch drok oan 't timmerjen achterhûs yn 't tsjuster. Mar doe't ik der by kom wie der neat.
Op itselde plak kom in dei of hwat letter in bargehok. Gurbe timmere it. Dat hie ik fan tofoaren sjoen. Ik wie sahwat 35 jier.
nl.verhalenbank.32453
Foardat de tram troch de Sumarreheide ried ha in soad minsken dêr it jiers tofoaren de ljochtsjes al sjoen.
nl.verhalenbank.32450