Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e wei fan Feanwâlden nei Dokkum seagen wy froeger in rige ljochtsjes. Letter wienen dat de ljochten fan 'e fytsen en de auto's. Dy hienen wy al jierren fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24705
Ik bin geboaren yn Ikkerwâld, mar ik wie al gau wees en bin doe yn Moarmwâld greatbrocht. Tusken de Broekster strietwei en Moarmwâld, dêr wennen wy, in eintsje fan 'e wei ôf. As bern sieten wy jouns faek yn 't tsjuster foar 't finster. Dan fleagen der fise-ferse ljochtsjes op 'e greate wei foarby. Mar dy wienen der yn werkelikheit net. Dat hat...
nl.verhalenbank.24707
In nachtmerje is meastal in frommeske.
Der wienen us in pear mannen oan 't meanen oan diz kant de Dokkumer Ie. Hja hienen dêr dy nachts yn in tinte lein en doe wie der in frommeske oansjongen kom. Dat wie in nachtmerje.
De beide mannen seagen har in eintsje fan har ôf. Hja hie in houten molkaed ûnder 'e earm.
Doe wie se al sjongende op 'e Dokkumer Ie...
nl.verhalenbank.25183
Ik en myn broer wienen us mei in pream yn 't ûnlân achter de Broek sahwat tusken Readtsjerk en Feanwâlden om hea. Doe seagen wy in wylde lantearne. Dy sweefde al mar hinne en wer. Nou wied er hjir en dan wer dêr. Ik sei tsjin myn broer: "Ik woe dat dat ding hjir by ús kaem. Dan koenen wy trocharbeidzje." Hwant it wie in sterk ljocht, dêr't wy wol by sjen...
nl.verhalenbank.24706
Hjir wenne in âlde widner. Al gauachtich nei't syn frou stoarn wie sei er: "Myn frou hat hjir hjoed ek wer west."
Hja kaem nou en dan by him.
nl.verhalenbank.37346
Yn dy buert hat us ien mei de skoukarre west. Doe waerd er samar ynienen opnaem en yn 'e sleat smiten. Hy hie noait hwat sjoen. Hy fortelde 't Hindrik. Dy sei: "Dû hast dêr ien yn 'e wei roun. In geast hat dêr lâns matten."
nl.verhalenbank.26315
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren.
As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen.
As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
By de Skilige Piip spûke it. Dêr seagen guon wolris hwat.
nl.verhalenbank.29536
Ik hie in kammeraet, dat wie Jan Zuidema, in earlike jonge, dy't net liichde. Dy roan op in kear de Boskreed lâns. Mar eardat er 't wiste hie er oan 'e oare kant de sleat stien. En hy hat noait in minske sjoen doe't dat gebeurde. Jan wie troud mei in nicht fan my.
nl.verhalenbank.29520
Oan 'e Boppewei spûke it. Guon minsken seagen dêr altyd hwat. Balling Heidstra, de pake fan 'e tsjintwurdige skuonmakker doarst dêr net allinne lâns. Op in joun kaem er dêr mei heit lâns. Doe fleach er heit by de hûd op fan angst. Hy seach hwat dat him sa bang makke. Heit seach neat. Hy switte as in oandrager doe't se yn 'e buorren kamen.
nl.verhalenbank.38613
Myn skoanheit wenne by 't Wyldpaed oan 't Heideloantsje.
Op in joune wie 'k der by him. Doe moesten wy oan kant, der kaem in lykstaesje oan. Skoanheit seach him wol, ik net.
nl.verhalenbank.37333
Wy wennen oan 't Wyldpaed. Ik en myn frou sieten togearre yn 'e hûs. Doe seinen wy op dy joun tsjin elkoar: "Sjoch, dêr binne ruten. Dêr skynt ljocht troch." 't Wie flak by.
Mar der wienen fansels hielendal gjin ruten.
Letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.22676
Yn 'e Westerein op 'e Dykswâl is de duvel oer de feart sprong, fan 't oasten nei 't westen. Dat is oan 'e ein fan 'e Koopmanswei. De print fan 'e poat is noch to sjen.
nl.verhalenbank.38612
It gebeurde hiel faek dat as guon ûnderweis wienen, der ien sei: "Even oan kant gean, der komt in lykstaesje oan."
Dan seagen de oaren dy lykstaesje net.
nl.verhalenbank.29521
Fan datselde plak ôf seagen wy froeger ljochtsjes hinne en wer gean op 'e wei. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytslampen.
nl.verhalenbank.29504
Myn broer kom us op in nacht mei in kammeraet de Twizelerwei lâns. Sy kommen by de froulju wei. Syn kammeraet, dat wie Bosma fan Twizel, dy wenne doedestiids yn 'e Westerein.
Op 'e Twizeler Nijewei troffen se ûnderweis om in ûre of twa hinne yn 'e nacht in jonkje en in famke, dy hâldden elkoar by de hân beet. Dy bern wienen ± fjouwer à fiif jier âld.
Sy...
nl.verhalenbank.22685
Keke hat hjir njonken wenne. Hy hie in soan yn Grinslân to wenjen. Doe hat Keke op in kear in lykkiste by him thús yn 'e keamer sjoen. Doe hie er tocht: "Dat bin ik sels." Mar dat wie 't gefal net. De soan is ris in kear - dat wie letter - út Grinslân wei thús kaem en hat him hjir by him yn 't apelhôf oan in beam ophong. Sadwaende kaem dy kiste by Keke yn...
nl.verhalenbank.29516
Der spûke in swarte houn tusken Feankleaster en Twizel op it Wyldpaed. It wie in great beest, mei egen yn 'e kop as koallen fjûr. 't Waerd der ljocht fan yn 't tsjuster, as hy der oan kaem. Men koe him altyd oankommen hearre, hwant syn poaten klapten krekt as dy fan in hynder. Noait liker as sieten der hoefizers ûnder, sa hearde it.
Der binne wol guon...
nl.verhalenbank.29927
Yn 'e Westerein spûke in frommes, dat sweefde yn wite klean by de wâllen lâns. Hja hie in bân om 'e rôkken hinne. Men seach har allinne by nacht.
As de kooplju yn 'e nacht út 'e Westerein wei mei de hynders nei de merk ta gongen, dan koenen se de hynders net fierder krije as dy wite juffer der wer spûke. Dy hynders wienen dan bang.
nl.verhalenbank.29932
Yn 'e Westerein wie ik frachtrider. Ik hie in feint op myn auto, dy hiet Sikko Klaver. Dat wie in earste raren. It koe him neat skele hwat er sei. Mendei-to-moarns hied er net in dûbeltsje mear yn 'e bûs. De sneins hied er syn hiele wyklean forsûpt. Hy sei: Ik bin foar gjin duvel bang, en al sokke dingen mear.
Mar doe hat de duvel him pakt. Dy hat him yn...
nl.verhalenbank.38618