Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e merken hienen se wol gauris in swarte spegel.
Dêr krige men jin hiele libbensskiednis yn to sjen. As der in deakiste foar kaem, hie men der gau west.
nl.verhalenbank.20799
Der kaem ris in âld man by ús heit, dy gong yn 'e hoeke sitten en skriemde.
"Hwat nou," sei ús heit, "is der hwat Jurjen?" It wie oars sa'n flink âld man.
"Ja", sei er "ik ha sjoen dat de moune mar mei ien roede draeide."
Ien à twa jier letter sloech de tonger yn 'e moune hjir yn Haulerwyk. Doe hat er mar mei ien wjuk draeid.
nl.verhalenbank.20822
Hjir wienen twa, dy't mei de helm geboaren wienen: Graanstra en âlde Merk. Sy seagen nou en dan lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20714
Alde Merk wie mei de helm geboaren. Hy seach ek lykstaesjes. By 't Súdlaerdermeer moat hy ris sitten ha to fiskjen. Hy wie plysje. 't Wie tsjuster. Mar samar ynienen wie 't ljocht woarn. "En seagen wy dêr de wettermoune net yn 'e brân stean oan 'e kant fan 'e Súdlaerder Meer?" sei er. "'t Wie sa ljocht, dat wy koenen de dobber en alles goed sjen. Krekt as...
nl.verhalenbank.20648
Der wennen trije tsjoensters yn Haulerwyk.
Boppe Haulerwyk wenne Jan Betten. Dat wie de iene.
Op in kear wienen wy oan 't stobberoaijen op Koudenburg by Anne Vondeling. Wy sieten to kofjedrinken. Jan v.d. Heide wie der ek by. It praet gong oer tsjoenen.
Jan v.d. Heide fortelde: "Jan Betten hat in bern fan Koene Gerritsen bitsjoend. 't Bern groeide net en...
nl.verhalenbank.20715
Ik haw in omke hawn, dat wie Ynse Graanstra. Dy hat fan tofoaren sjoen dat se hjir oarloch hienen. It bloed roan ta de feart yn, sa waerd der fochten. Mar dat is net gebeurd.
nl.verhalenbank.20711
Trije jonges kuijeren sahwat omtrint Beneden-Haulerwyk.
Ien fan 'e trije is troud. Ien fan dy jonges sprong samar ynienen oerside. "Hwerom dochstû dat?" fregen de oaren.
"Der komt in swarte wein oan mei twa hynders der foar", sei de jonge. De oaren seagen it net.
nl.verhalenbank.20710
Soms sjocht men in rounte fan poddestuollen yn it lân. Se neame dat in 'heksekring'. Dat is eins in tsjernmoune. De tsjernmoune fan 'e hynders dy't al jierren dea binne. Dy moatte dêr dan noch altyd yn 'e rounte rinne.
nl.verhalenbank.20709
It wie op Haulerwykster merk. Ik siet op in snein-to-joun yn 'e herberch. Doe seach ik Jan Sterk dêr.
"Wij hebben ons kampien ook verkocht, hoor", sei er.
"Oan hwa?" frege ik.
"'t Is een Bergsma; Jannes heet-ie."
"Wat wil die kerel daarmit?" frege ik.
"Hij is bakker", sei er.
Doe kaem âlde Merk der yn.
"Wat he'k nou wat beleefd", sei er. "Ik kwam meester...
nl.verhalenbank.20644
Alde widdou Bergsma wenne op 'e Skieding. Hja hie dêr nachten lang timmerjen heard, mar yn werkelikheit wie der neat. Mar letter hat har swager Germ Bergsma dêr timmere. 't Kaem dus wol út.
nl.verhalenbank.20645
Jochum Dykstra wie net al to goed wiis. Syn mem sutele mei lapkes. Sy kaem ek wol us by ús.
Op in kear sei se: "Jochum hat in brân sjoen by Jehannes der Mooy, of dêr flak by.
Twa jier letter wie der brân yn in hûs by de brêge. It brânde hielendal ôf. Ik der hinne. Ik wie sahwat fyftsjin jier, tink. It wie it hûs fan Jehannes der Mooy, dat ôfbrânde.
nl.verhalenbank.20647
Wy wennen froeger achterút.
Ik wie sahwat in twintich jier âld. Ik seach de kant nei de brêge út.
"Mem," sei 'k, "dêr by de brêge stiet in hûs yn 'e brân."
Mar mem seach neat. Ik hie my omdraeid, doe't mem der oankaem, mar doe't ik wer seach, wie der neat mear fan de brân to bispeuren.
Presys twa jier letter rekke de plaets fan Jan de Boer troch de...
nl.verhalenbank.20646
Kobus Freeling wenne yn Haulerwyk. Op in kear kom er oansketten thús. Doetse en Frederik soenen him bang meitsje. Kobus hie syn wiif Bart by him. Hy moest oer in planke. It wie altyd in toer dêr oer to kommen, as men net to stevich op 'e skonken stie. En dat hie der dit kear wol oan. Hy die in koart gebedtsje en sei: "Och lieve Heer, laat mij der toch...
nl.verhalenbank.20999