Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar.
Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen.
Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
nl.verhalenbank.22188
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen.
Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Forskeidene fan 'e Harkema ha yn 'e swarte spegel sjoen.
Mar dêr haw ik my noait mei bimuoid. Sy krigen dan har wiif to sjen. Of sy seagen in deakiste; dan bleauwen se âld-feint.
nl.verhalenbank.25750
Alde Bartele Pypke (= B. Bijma) wie mei noch trije man to fiskjen tichte by de Leijen. Sy sieten dêr by in âld dyk. De trije dy't by him wienen, dat wienen forkearden, dy dienen oars neat as spotten en wienen nergens binaud foar, biwearden se.
't Wie stil waer, mar doe bigong it ynienen bot to waeijen. Doe seagen Bartele syn trije maten ynienen hwat. Sy...
nl.verhalenbank.25744
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt.
Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
It wie yn 'e oarloch. Ik siet yn Frankryk. Doe seach ik op in nacht presys hwat der by ús thús gebeurde. Ik lei op bêd.
De oare wyks rekke ik nei hûs ta, nei de Harkema. It earste hwat ik seach, dat wie it nije rútsje, dat yn it sydglês fan 't hûs siet.
Ik sei: Dat haw ik yn 'e nacht yn Frankryk sjoen. Ik ha sjoen hwa't it rút ynsmiten hat en ek hwer't er...
nl.verhalenbank.33284
Paulus fan Albert en Tet (Alma) wie in jonge fan achttsjin jier. Hy hie harsensykte en it like slim. Op in joun soe âlde Hindrik Vaartstra der noch op út. Doe't er oan 'e daem fan it hûs fan Albert en Tet ta wie, koed er net fierder. Dêr stie in lykstaesje. Hy seach de wein mei de kiste en 't folk. Doe is er weromgong.
In wike letter is Paulus stoarn.
Tet...
nl.verhalenbank.20950
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne.
Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die.
Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Ik haw ris to murdzjen west mei Gerke Alma. Wy hienen elk in houn by ús. Doe wie 't ynienen noait liker as fleach der in keppel skiep it lân del. Ik en Gerke mienden beide dat it skiep wienen. Mar dat koe net. 't Wie achter Surhuzum en dêr hienen jy gjin skiep.
De hounen kommen mei alle barstengeweld by ús en sy krûpten achter ús mei de sturt tusken de...
nl.verhalenbank.25747
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
nl.verhalenbank.25784
Klaes Kooistra hie trije jier yn 'e gefangenis sitten.
Mei syn swager Tseard kom er thús. Doe't se oan 't plak ta wienen, dêr't nou it nije tsjerkhôf is yn 'e Harkema, sei er tsjin Tseard: "Kear dy om. Der komt in lykstaesje oan." Mar Tseard seach it net. In pear dagen letter kom de echte lykstaesje. Doe koe Tseard it èk sjen.
nl.verhalenbank.27408
De frou fan myn broer Albert seach froeger by joun allegear ljochten oan 'e Nije Wei, omheech yn 'e loft. 't Liken krekt allegearre lampkes. Letter kamen dêr de lantearnen to stean.
nl.verhalenbank.19531
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen.
It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
nl.verhalenbank.19519
Tiense Boomsma fan 'e Houtigehage seach nachts altyd lykstaesjes. Sokken wienen der trouwens ek wol yn Boelensloane. Tiense is nou al fiif en fjirtich jier dea. Nachts gong hy út bêd wei. Dan gong er oan 't glês ta en dan die er 't gordyn iepen. Hy fortelde, dan kom der in lykstaesje oan, altyd út it westen wei, hjir oan ta, sei er - hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.25550
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
nl.verhalenbank.29356
It gebeurde oan 'e Nije Wei dat op in nacht de feint by de faem weikom. Mar even letter wie hy der al wer.
En hy wie sa bleek as in deaden.
"Hwat skeelt dy nou?" sei de faem.
Hy sei: "Der is hwat. Ik kom in lange lykstaesje tsjin. Alles wie yn 't swart en der woarde net in stom wurd sein."
nl.verhalenbank.27409
Aen Klokje (= A. Alma) roan ris op in jountiid allinne by de grouwe beam lâns doe seach er dêr de skime fan in keardel. Dy hie ek samar wer fuort west.
It spoeke dêr altyd by de grouwe beam.
nl.verhalenbank.25746
Op in nacht moest ik der noch even ôf. Ik gong nei 't húske ta, dat stie yn 't hok. Wylst ik dêr siet, seach ik trije mannen oankommen, alhiel yn 't swart, mei slipjassen oan en in hege hoed op. Ik strûpte de broek gau omheech. Sy gongen kantroerend by my lâns, op noch gjin meter distânsje.
Sy rounen njonken elkoar.
Ik sei: "Goeije." Mar sy seinen neat...
nl.verhalenbank.33285
Ik en myn neef gongen simmerjouns wol gau us nei de Hamster buorren. Dan seagen wy om in ûre of njoggen ljochtsjes oer de Ikkers tusken ús hûs en dat fan Aeltsjemoai. Wy seinen: "Dêr komt grif in hûs to stean, hwant it wienen wylde lantearnen. Mar it hûs is der noait kom.
nl.verhalenbank.21642