Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: zien Narrator Gender: female Place of Narration: Surhuisterveen
Myn broer Kees soe us op in joun nei de faem ta. Dy wenne yn Feansterheide oan 'e Fjouwer Roede. "As der in duvel is, dan wol 'k him wol us sjen", sei er. Mar doe hied er tofolle sein. De jouns healwei achten gong er nei de faem ta. Hy wie ûnderweis. Doe kom der him ien op side. "Goeije navend", sei Kees. Mar hy krige gjin antwurd. "Goeije navend", sei...
nl.verhalenbank.22174
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei. "Moarn Tiet", seit er. "Moarn Jan", seit se. "Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk." Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213
Wy wennen yn in hûs yn Limburch yn Geleen. Myn man hat dêr yn 'e minen west. 't Wie in great hûs. Wy joegen der f 19.25 hier yn 'e maend. Der wenne in Dútse frou njonken my. Die sei tsjin my: "Haben Sie keine Angst?" "Né," sei 'k, "hoedat sa?" "Es spuckt da in das Haus." "Ik bin net bang", sei 'k. Doe't wy de nachts op bêd leinen, gong 't der oan wei yn...
nl.verhalenbank.24259
Dy't it mei heit oan 'e stok krige, dat wie net bêst. Hy wie ta in moart yn steat. Op in kear doe hied er blauwe Turken kocht fan Jarich Hollander. Jarich wenne ek oan 'e Fjouwer Roede, flak by heit en dy. Blauwe Turken dat binne ierappels. Jarich sei, dy moesten bêst wêze. Mar sy koenen dy ierappels net ite, sy wienen sterk. Heit hie se bitelle, dus sy...
nl.verhalenbank.22210
't Wie feest by Bouke Pultrum yn 'e Houtigehage. (dat wie de kastlein). Myn styfheit moest de moarns ier en bitiid it hynder fan syn broer út it lân wei helje. Doe seach er in âld-minske oankommen. "Ik tocht," sei er, "hwat is dy hjir bitiid. Ik sei: - Goeije morgen, - mar hja sei neat werom. Ik sei noch us - Goeije morgen - , mar sy sei wer neat. Doe't...
nl.verhalenbank.24417
Myn styfheit wie Pije Ros (= Freark de Jong). Hy hie in broer, dy farde op sé. Dêr hat er wol us sémearminnen sjoen, froulju mei in fiskesturt en hiel lang hier. Sy sieten soms op 'e wâl, op 'e rotsen. En dan raesden se 't út, dat moest sjongen forbeelde.
nl.verhalenbank.24414
Piter de Graaf gong der nachts faek ôf. Dan gong er foar 't glês stean en die de kleden oan kant.
nl.verhalenbank.24254
Us mem wie faem by in boer yn Greategast. Hja siet ris ûnder in koe to melken. Doe wie der in hiel lyts mantsje by har kom. "Hwat dochstû hjir zo vroeg in de morgen?" hie se sein. Doe wie dat mantsje ek samar wer wei west, krekt as wie 't yn 'e groun sonken.
nl.verhalenbank.24256
Douwe Stavasius wenne op 'e (Grinzer) Peinder heide. Dy gong der nachts wol op út. Dan stie er oan 'e kant fan 'e wei en seach in lykstaesje foarbygean. Hy sei fantofoaren: "Dy is nou oan 'e beurt." 't Kom altyd út. Hy wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.27573
35