Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer wenne hjir yn Moarmwâld. Dy forlear in famke. Myn op-ien-nei-âldste broer wenne yn 'e Westerein. Dy moest biricht ha. Ik kom dêr in bulte, sadwaende moest ik it ek mar even sizze. Myn eigen fyts hie net in lantearne. 't Wie yn 'e hiele lette hjerst en op 'e joun. Ik liende in fyts yn Ikkerwâld fan in timmerman.
Dêr rekke ik mei nei myn broer ta...
nl.verhalenbank.24316
Skoanheit syn mem, dy wenne yn Moarmwâld. Dy sei: "As ik jouns op 'e dyk stean, dan binne it allegear ljochtsjes." Dat wienen de wylde lantearnen.
"Dat is in foarboade," sei se, "Moarmwâld sil in stêd wurde."
Sy hat wol hwat gelyk krige. It plak hat him ôfgryslik útwreide en as men jouns alle ljochten sjocht fan 'e lampen, liket it wol in stêd.
nl.verhalenbank.24218
To Feanwâlden, op 'e hoeke fan 'e Westerwâl wenne Fokke Boonstra. Hy wie bakker en wie ôfkomstich fan Burgum. Hy sutele altyd mei syn breaspullen en hie ek klanten yn Burgum sitten en dêromhinne.
"t Wie op in winter en 't iis wie sterk. Doe fytste Boonstra oer de Burgumermar, om gauwer by syn klanten to wêzen. Dat die er altyd as it sterk iis wie, hwant...
nl.verhalenbank.24219
Heit fortelde, hy soe op in moarn nei de boer ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Underweis seach heit yn 'e krimpe fan in hûs in pleachbeest stean. 't Hie der brúnachtich út sjoen en 't hie bot mei de earen klapt.
nl.verhalenbank.23705
Hjir hat in greate rogmoune stien. Dy is letter ôfbarnd. Heit wie noch feint, 't wie op in nacht yn Moarmwâld. Doe't heit by de moune kaem, tocht er: "Hea, dêr stean trije man yn to terskjen. Dat binne trije duten. (Ik kon niet gewaarworden wat 'duten' zijn A.A.J.) Sy tursken alle trije moai op 'e slach. Heit sei: "Ik gong der hinne, en doe wie der niks....
nl.verhalenbank.23706
Guon hjirre wienen mei de helm geboaren. Dy seagen dan bigraffenissen fantofoaren. Sy moèsten it sjen, sy gongen der yn 'e nacht ôf.
Myn neef hie forkearing mei in dochter fan âlde Ritske Vellinga. Ritske wie soms de hiele nacht der op út, dat hat myn neef my sels wol forteld. Ritske wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.23703
Ik ha wolris heard, dat as de skipper op sé in mearmin sjocht, dat dat in min teken is omdat syn skip dan forgiet.
nl.verhalenbank.24324
De wylde lantearnen dy't wy froeger seagen, dat wie foartjirmerij. Dat wienen de lampen fan 'e fytsen, dy't letter kommen.
nl.verhalenbank.23700