Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zien Place of Narration: Hurdegaryp
Dy't jild fan 'e duvel ha wol moat mei in swarte kat yn 'e sek yn 'e nacht trije kear om 't tsjerkhôf rinne. Dan stiet dêr ien, dy mat er de kat jaen. Thús mat er in swarte sok oan 'e line hingje jouns, dan is dy de oare moarns fol jild. In grize sok jowt neat. Mar nei 14 dagen is sa'n ien dea.
nl.verhalenbank.31056
Yn Burgum wenne in widdoufrou, dy hie twa famkes. It âldste wie fjirtsjin jier. Hja hie ek twa famkes forlern. Hja wennen yn in arbeidershûs en dêr hienen se froeger wol stilen yn. Deis wie de widdou by de boer op it lân en de beide famkes moesten de húshâlding dwaen. As hja thúskaem stie it iten al op 'e tafel. Mar op in kear kaem se thús, doe wie der...
nl.verhalenbank.19723
Yn Surhústerfean hearden guon ris in great lawaei, krekt as kom der fan alles fan boppen. Mar der wie neat to sjen. Letter kom der op dat plak in hûs to stean, dêr bigounen se mei to bouwen. Mar doe't it noch lang net klear wie, sakke it yn elkoar. Dat wie it lawaei dat se doe heard hienen. Se ha dêr letter net wer boud, hwant, seinen se, de duvel sit dêr...
nl.verhalenbank.31050
Der wenne yn Feanwâldsterwâl in faem dy woe graech trouwe. Doe gong se nei in swarte spegel ta en seach dêr yn. Doe krige se in deakiste to sjen. 't Wie har eigen deakiste. Koarte tiid dêrnei is se stoarn.
nl.verhalenbank.31053
Alde Koen Hoekstra fan Eastemar mocht graech in buorrel en hy wie wol us dronken. Op in kear doe kom er de Swarte Wei lâne. Doe woarde er op in momint samar opnom en yn 'e dykswâl smiten, sûnder dat er oait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.19784
Yn Grins op 'e kermis hat ien in fetfol wetter samar foroare yn wyn. Myn man hat it sels sjoen en der ek fan preaun.
nl.verhalenbank.17756
Yn Garsthuzen (Grinslân) hearde ik op in nacht dúdlik saegjen yn 'e hûs. Wy leinen op bêd. Ik sei tsjin myn man: "Sil ik der us ôf gean om to sjen, hwat dat is?" Mar hy sei: "Ei jonge né, stil lizzen bliuwe." Dat ik ha der net nei sjoen. Ik wie doe sahwat acht en twintich jier. Letter is 't hûs hielendal fortimmere woarn. De namme fan it hûs is...
nl.verhalenbank.17754
Der wie in hiel great hûs, dêr sieten fjirtsjin keamers yn. It hiet Likelemastate. De hear en de frou wienen fuort en de faem Bauk wie allinne thús mei in âld feint dy 't se Oebele-om neamden en mei in jonge. Bauke. Dy wie sechstjin jier. Doe kom dêr in negoasjeman. Dy hie in great swier pak by him. 't Wie skier fan kleur. De man sei: "Hjir sit kleanspul...
nl.verhalenbank.19779
Us heit wenne op 'e Sumarreheide. Op in nacht hearde hy hiel dúdlik timmerjen, kroadzjen, mei stiennen smiten, balken forsjouwen en alsahwathinne. Hy tocht: Hwat hat dat to bitsjutten yn 'e nacht? Dat hy gong der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen en ek neat mear to hearren. It oare jiers woardde der op dat plak in nij hûs delset.
nl.verhalenbank.19782
Wy seinen froeger as bern: één ekster gezien: niet best. twee eksters gezien: vreugde. drie eksters gezien: bericht van veraf.
nl.verhalenbank.18106
Der wie in frou, dy wenne yn Ljouwert. Har man hiet fan Schaaf. Hy forhierde plezierweinen. Myn âldste dochter hat der as faem wenne. Dy frou wie by de frijmitselders. Nou en dan seach se yn 't gebou har forstoarne jonge. Sy sei tsjin har man: "Hwat woe ik graech, datstû ek us mei gongste om de jonge to sjen." Dat gebou stie yn Ljouwert. Hy gong mei, mar...
nl.verhalenbank.18104
Us mem wie us mei in kammeraedtske op Feanwâldster merke. Doe gongen se dêr togearre in tinte yn. Dêr koenen se de takomst yn in spegel sjen. Mem krige ús heit to sjen. Dêr soe se letter mei trouwe, seinen se en dat is ek útkom. Mar har kammeraedtske seach oars net as in deakiste. Sy seinen tsjin har: "Oer trije wiken sille jo toplak komme oan 'e westkant...
nl.verhalenbank.18084
Us mem fortelde, oan 't Suderbolwurk, by 't Dokkumer âld-tsjerkhôf, dêr hat hja ris in freeslik geraes heard. Doe't se dêr kaem, wie der neat. Letter is dêr ien fordronken ûnder in boat. Doe wienen dyselde lûden der wer.
nl.verhalenbank.30859
Yn Burgumerheide seagen de lju wylde lantearnen. Letter seinen se, dat hienen de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.18087
Yn 't Miedlân to Eastemar wie in boer mei syn folk oan 't swyljen. Der forskynde in lyts wolkje oan 'e loft, dat ynienen freeslik bigong to rommeljen. De boer woarde der sa kjel fan, dat hy foel der hinne. Letter fornamen se dat it spoar, dat ridlik gau dêrnei oanlein woarde, krekt itselde lûd hie. It hie de foarboade west fan it spoar.
nl.verhalenbank.19842
Us heit (Roel Haarsma) en syn broer wienen yn 'e nacht op in paed. Doe seagen se in frommeske skean oer de wei nei in hûs ta rinnen. Sy hie de kruk fan 'e doar al beet, dêr't se ta'n yn soe sa't it like. Mar doe sonk se samar foar de eagen fan heit en omke yn 'e groun wei.
nl.verhalenbank.19841
Syberens Ytsje wie in âld-muoike fan my. Hja wenne yn Burgumerheide. Op in nacht hearde se in freeslik jammerjen en skriemen, dat kom út 'e Kije Ale-poel wei. Doe't se dêr hinne gongen wie alles stil en dêr wie neat to sjen. De hiting is dat dêr altyd noch ien yn fordrinke mat. By myn witen is 't noait gebeurd.
nl.verhalenbank.30420
Auke en Sjut dy wennen op 'e Tike. Sy stienen min bikend. Us Wytse-om en ús Jehannes-om dy kommen dêr moarns bitiid faek lâns as se nei de merk ta gongen foar de handel. Dan seagen se dêr altyd twa wezentsjes omspûkjen. (popkes) Op in kear frege Jehannes-om: "Hwat is dat dêr altyd by jimmes achter op 'e tún? Dêr spûket it." Doe krigen Auke en Sjut beide...
nl.verhalenbank.19717
Hindrik Houwink wenne op 'e Lânsbuorren yn Sumar. Hy sei: "Doe't de fytsen der noch net wienen, seach ik de ljochtsjes fan 'e lampen al. 't Wienen wylde lantearnens."
nl.verhalenbank.19716
1