Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: zien vuur Place of Narration: Drachten
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Wy wennen froeger yn Drachtster Kompenije. Dêr wennen njonken ús lju, dy hienen earder yn 'e Fianen wenne (yn Houtigehage). Dy frou fortelde ús, sy wie us ûnderweis ergens hinne - doe wenne se noch yn 'e Fianen - doe gong se even by minsken oan ûnderweis, doe hie se achterom sjoen doe wie se allemachtige kjel woarn. "O heden," hie se roppen, "ús keet...
nl.verhalenbank.24660
Ik wie in jonge, doe wenne ik yn Aldegea by Germ van der Ploeg. Dy hie buorkerij. Der wie doe noch gjin elektrysk, dat jouns wie alles dêr tsjuster. Yn 't bûthús hienen se in flearmûs-lantearne hingjen. 't Wie op in joun, alles wie birêdden. De arbeider wie al fuort. Ik wie noch mei Germ yn 't bûthús. Wy praetten noch even. Ik soe in bakje mei sân helje,...
nl.verhalenbank.33625
Yn 'e Harkema is in lytse sawntich jier lyn in arbeidershûs opbrând. Fjouwer bern binne doe yn 'e flammen omkom. Jan van Zalen hat der noch in sang fan makke. Trije dagen fan tofoaren hat Sibe Antsje (= Antsje Tabak) sjoen dat dat arbeidershûs yn 'e brân stie.
nl.verhalenbank.33156
Japik van der Kooi yn de Pein (Gr.) seach yn Topweer in hûs yn 'e brân. It wie it hûs fan Wiggele van der Meer. It brânde flink. Hy giet yn 'e hûs om dit to fortellen. 't Hûs stiet yn 'e brân. Doe't er wer bûten kom, wie der neat. Mar it hat net lang mear duorre, doe is 't opbrând. 't Is wier gebeurd.
nl.verhalenbank.27493
Ik siet us in kear by alde Kei Anne (= Gerrit de Vries) yn 'e hûs to krantlêzen. 'k Wie noch in jonge. Dêr komt ynienen in hiel helle gloede, alles wurdt ljocht. Us beppe har hûs stiet yn'e brân. Sa'n trije wike letter is 't opbrând. Mar ìk hie 't al earder sjoen.
nl.verhalenbank.22928
Doe't myn skoandochter sa'n trettsjin à fjirtsjin jier âld wie, seach se yn 'e nacht yn har droom in brân. Hja seach alles hiel dúdlik. 't Wie hjir yn Drachten op Uleflecht. De oare nachts is it hûs njonken harres ôfbrând. 't Gebeurde krekt sa as sy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.22915
Us heit seach froeger yn Surhústerfean in hûs yn 'e brân. Mar it brânde net yn werklikheit. Folle letter brânde it op. Hwannear't men it yn 'e foarnacht brânnen sjocht, dan duorret it mar even. Sjocht men it yn 'e neinacht brânnen, dan duorret it noch in hiel skoft foardat it echt opbrânt.
nl.verhalenbank.26051
35