Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei.
Ik krige noait hwat.
Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen.
Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen."
Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010
Myn jongere suster Kobe werkte by Jehannes en Tryn. Hja hienen in jonkje en dat waerd siik. It bern bigong to tjirmjen. Hja wennen yn 'e Falom.
Tsjin bêdgongerstiid bigong it bern altyd fan pine to razen.
Mem sei tsjin Kobe: "Dû mast tsjin Jehannes sizze: 'It bern is bitsjoend.' Jehannes mat duveldrek yn 't widzke dwaen en ek yn 'e naden fan 't bêdsket....
nl.verhalenbank.21989
It gebeurde faek dat de lju nei Wopke fan Kûkherne ta gongen om in drankje as der ien bitsjoend wie. Dan warskôge Wopke: pas op it drankje ûnderweis, hwant guon loere der op.
Faek barstte it drankje.
nl.verhalenbank.33432
Hjir yn Twizelerheide wenne âlde Piters Willemke. Dat wie ek in âld tsjoenster. Se seinen altyd, dy fleach op 'e biezemstok troch de loft.
Op in kear doe wie Willemke fuort. Doe lei har binnenste op bêd. 't Wie krekt as wie 't in pounse dy't dêr lei.
Ek in kear doe wie Willemke siik. Doe wekken se by har. Doe soenen se nei har sjen, doe lei dêr in pounse...
nl.verhalenbank.33430
Doe't myn âldste suster in popke wie krige se in fearren kessentsje fan mem har mem. Dat moest it popke yn 't weintsje ha, sei se.
Elke joun as hja yn 't weintsje lei, dan hearden heit en dy ien om 't hûs hinne rinnen. Mar dêr woarde net folle notysje fan nom. Mar dan bigong de poppe to gûlen. Dat die se elke joune. Doe't se al in stik âlder wie die se 't...
nl.verhalenbank.33424
Doe't ús heit (Thomas Bruining) stoar, wied er ien en fyftich jier. Hy hie de hjerstmis nei Dútslân ta west. (seizoenwurk) Dêr kaem er siik wer wei. It hiele winterskoft sukkele er.
Op in kear sieten wy by de itenstafel. 't Wie yn 'e Houtigehage. Heit sei: "Ik mat der even út." Hy lei de furke del. Hy kaem fuort net werom. Us mem (Thomas Klare) rôp: "Hwer...
nl.verhalenbank.20090
As der in bern bitsjoend wie, gongen se nei âlde Ulke fan 't Wyldpaed. Dy joech in drankje mei yn in flesse. As de flesse ûnderweis stikken gong, dan wie dat it biwiis, dat it bern bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.23771
Us mem en dy hienen kunde, dy hienen in dochter, dy wie siik.
Hja is sawn en twintich jier woarn, doe stoar se.
Sy lei altyd op bêd, ûnder in plat dak. As se der middeis even ôf wie en 't bêd waerd opmakke, en sy woarde wer op bêd lein, dan wie 't krekt as sprong der hwat fan it plat dak ôf. Sy hearde it elke kear en op in kear doe sei se it tsjin har...
nl.verhalenbank.22130
Myn man wie in great jonge, syn heit en mem leefden noch. Doe sei er op in kear: "Hearre jim Baeije wol roppen en razen?" De oaren seinen: "Wy matte der gau us hinne to sjen." Mar doe't se der hinne gongen wie der neat to rêdden mei Baeije.
Mar in skoft letter raesde se krekt sa as dy kear. Doe wie har bern forstoarn.
nl.verhalenbank.23415
Op 'e Houtigehage wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. De mem hiet fan Jeltsje en de dochter Lutske. Net ien fan uzes dy't dêr hwat opite doarst, bihalve ús Boardzer.
Mem warskôge him wit hoe faek, mar dêr steurde er him net oan.
Ritske en Aeltsje wienen tige earme lju, mar Lutske en har man koenen it skoan rêdde.
Doe liende Aeltsje...
nl.verhalenbank.20097
Myn suster Hiltsje, dy't oan 'e Grinzer Strjitwei wennet by Koaten wyt mear as sljochtwei. Sy woarde mei de helm geboaren. Sterfgefallen en al sokke dingen mear wyt hja fan tofoaren. Ik bin der wolris bang foar west.
Op in kear wie 'k by har to praten. Doe sei se: "Astû aenst thús komste dan fornimste dat der ien út jim famylje tige siik is. Dy sil ek wol...
nl.verhalenbank.33512