Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Sappemeer wenne in doomny, dy syn frou krige de typhus-koarts. Sy krige it sa bot, dat sy stoar der oan.
Doe moest se bigroeven wurde. Doomny ornearre, sy moest de dikke trouring mar om hâlde en sa biïerdigen se har.
De deagraver hie dy ring sjoen en hy liet it graef iepen. De jouns snie hy har de finger ôf, fanwege de ring omt hy him der oars net ôf...
nl.verhalenbank.23452
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se...
nl.verhalenbank.36908
Yn Drachtster Kompenije wenne in man dy hie in siik hynder. It dier wie der slim oan ta. Doe gong dy man mei 't wetter fan 't hynder nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean.
Hinse joech him in drank mei, dêr moest er fral goed op passe en dêr it hynder fuort fan ynjaen, hwant der wie haest by.
Dy man gong der mei op hûs ta,...
nl.verhalenbank.36920
Ik hie in suster, dy wie der sa min oan ta dat hja koe 't net forneare dat se de bêdsdoarkes iepen dienen. Dan bigoun se to skriemen.
Der wenne tichteby in âld-minske. Dat wie in tsjoenster.
Dy hie 't bern yn 'e macht.
Doe krigen wy in ried fan ien: "Liz mar ris in deade kikkert del op 'e skoarstienmantel. Dan kin de tsjoenster gjin fet mear op har...
nl.verhalenbank.36909
Achter ús folk wennen oan 'e Houtigehaechster wyk Japik en Jitske. Jitske wie noait goed. De buorfrou kom by har.
Dy sei: "Ik ha in eachje yn 't seil hâlden. Jouns komt hjir altyd in grouwe siferse kat."
"Noustû 't seiste, ja," sei Japik, "dy komt alle jounen by ús yn 't finsterbank to spinnen."
Buorfrou sei: "Dy docht it dat sy hjir op bêd leit. Dàt is...
nl.verhalenbank.25620
Yn Twizelerheide wennen twa minsken, dy har famke wie siik. Doe sei op in kear de heit tsjin 't wiif: "Wy hâlde ús famke net, sjoch, dêr giet de bigraffenis." Doe wie dêr op 't paedtsje in jerke mei 7 einen. In wike letter wie de bigraffenis fan 't famke. De lykwein gong foarop en sawn minsken der achteroan.
nl.verhalenbank.16851
By Jan Harms op 'e Tike ha de kij bitsjoend west. Doe ha se duveldrek ûnder 'e stâl dien. Dat holp.
nl.verhalenbank.33036
Op 'e Tike, by Rypke en At wienen de bern al ris bitsjoend.
De tsjoenster wie âlde Piters Hindrikje, dy wenne ek op 'e Tike. Dy koe har yn in kat foroarje en hja koe troch 't kaeisgat hinne. Sa kom se by de minsken. De bern dy't se bitsjoend hie hienen krânsen fan fear yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33035
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Yn Boarnburgum wenne Jan van der Zee. Dy wie karrider. De man wie noait rjocht goed. Hy tsjirme. Doe ha se syn holkessen iepentoarnd. Dêr sieten krânsen yn. De man wie bitsjoend. Dat hie de frou fan Knjillis van der Zee dien. (Knjillis wie boskwachter) De lju ha Knjillis Auk doe it hûs forbean.
nl.verhalenbank.20860
Der wie in man, dy wie troud. Syn frou rekke oan 't sukkeljen. Doe sei se us op in kear: "As ik hjir wei reitsje, dan hoopje 'k datst net wer trouste. Dat mast my bilove."
Hy sei: "Ast it graech wolste, dan biloof ik dy dat."
Hja rekke der ôf en de man seach net nei froulju om. Mar dat foroare letter. Doe kom er yn 'e bisoeking. En hy troude wer.
De jouns...
nl.verhalenbank.23513
Op 'e ein fan 'e Houtigehage wenne Gjerte Jeltsje. Dat wie in tsjoenster.
Ritske en Aeltsje hienen in bern, dat wie bitsjoend.
Op in moarn gong Gjerte Jeltsje dêr hinne. Mar Ritske hie duveldrek ûnder 'e drompel dien, dat doe koe Gjerte Jeltsje der net yn komme. Hja hie hyltyd mar raesd dat se der yn woe, mar sy koe net in foet oer de drompel sette.
Op 't...
nl.verhalenbank.24684
Der wie is in man, dy hie de pik yn op 'e doomny, omt dy it evangeelje forkundige. Hy moest dêr neat fan ha en hy nom it bislút, hy soe de doomny deameitsje. Doe liet er in boadskip yn 'e nacht nei doomny bringe dat dêr en dêr, ergens op in iensum sté, dêr lei ien op stjerren en dy hie bigeard mei doomny to praten.
Doomny lei al op bêd, mar hy kom der gau...
nl.verhalenbank.23514
Der wie in boer, dy hie in sike koe. Hy liet de féarts komme. "Hokker koe is it?" frege dy.
"Ja, dat matte jo sels mar útmeitsje," sei de boer, "jo binne op 't lêst féarts."
De féarts tochte: "'k Sil dy wol ha."
Hy ûndersocht de beesten ien foar ien en op it lêst foun er de koe dy't siik wie.
Doe't it nijjier west hie stjûrde er de boer de rekken, dêr't...
nl.verhalenbank.23448