Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se.
Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend.
In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Alde Marten van Kammen hie t.b.c. Hy lei yn in tintsje.
Op in joun sei mem: "Ik mat der mar ris hinne." Doe't se weromkom sei se: "Hy leeft gjin twa dagen mear."
De oare deis stoar er. Syn frou sei: "Ik hie 't der noait oan sjoen dat it sa hurd gean soe." Mar mem hie him al fantofoaren as lyk sjoen.
Ik hie seis rare stikelwarten op 'e pols. Doe't Marten...
nl.verhalenbank.36299
Dy't de koarts kwytreitsje woe moest it boarst en de hals ynsmarre mei reade jiske.
nl.verhalenbank.36311
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
Der wenne in frou yn Bûtenpost, dy fornom ek dingen fan tofoaren. Dat wienen altyd treurige dingen, lyk as sykte en forstjerren ensa. 't Forrin fan 'e sykte en de dea fan har man hat se allegear fan tofoaren krekt sa sjoen as it gebeurd is. Letter is se nei Grins ta gong to wenjen. Sy is nou al dea.
nl.verhalenbank.22848
As in keal geboaren woarde, struide men it roggekerls oer de rêch. Dat bihoede him foar sykte en ûngemakken.
nl.verhalenbank.19996
Ik ha 't oardel jier lang oan 'e nieren hawn. Doe kom myn swager út 'e Westerein us in kear by ús. Dy sei: "Der mankeart Bontsje neat. Hja sit ûnder forkearde minsken."
Doe gongen se earst foar my nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Mar dy hat der net folle fan makke. Doe hat myn man foar my nei Úlke Bultsje west. Úlke sei tsjin him: "Kom bist dêr al, Japik?...
nl.verhalenbank.18120
Tsjoensters krije gjin fâlden om 'e kop. En as har hwat skeelt binne se samar wer genezen. Hwant dan tsjoene se gau even ien dea.
nl.verhalenbank.16530
Hat men pine yn 'e mûle, dan mat men in stikje út in flearbeam snije, dêr in punt op slypje en dêrmei yn 'e kies ompeuterje oant der bloed komt. Dan mat men dat stikje wer yn 'e flearbeam dwaen. As it goed is, giet de beam út.
De flear hat heilich hout, dat brânt men net op.
nl.verhalenbank.19993
As men gjin koarts ha woe, moest men sizze:
Koorts, koorts, ik ben niet thuis,
ga maar naar een ander huis.
De koarts kin ek by in minske forrotsje. De koarts stonk altyd. Men kin de koarts ek útspije.
nl.verhalenbank.19666