Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn oer-beppe wie in dochter fan Douwe Tsjallings Reitsma. Dy Reitsma wenne op Great-Angterp, in pleats op 'e grins fan de âlde Parregeaster mar. Dy mar is nou ynpoldere. Fan dy man binne ûnderskate staeltsjes fan syn sterkens en fluggens bikend.
Sa wie it ris hurdriden yn Makkum yn 1812 op 't séiis. Douwe Tsjallings die ek mei. Hy moast de eerste rit be...
nl.verhalenbank.50547
Hy kaem op 84 jierrige leeftyd yn Koudum mei de kapwein en sprong sa út 'e kapwein, oer de tsjille op 'e groun, sunder hwat oan to reitsjen.
Doe 't er by 't tsjerkhof kaem, sprong er oer it tagongshekje en sei - in bytsje greatsk - er by: “Ik koe ek noch wol oer de hage.”
nl.verhalenbank.50550
Se sizze fan dizze D.Tsj. Reitsma, dat er as jong feint 22 foet sprong oer de flakke groun (sûnder springplank fansels!) en 14 foet mei in strontkret achter him oan. Ek, dat er by in ôfspitten heabult opfleane koe.
nl.verhalenbank.50549