Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Japik Ingberts wie al in âld man, doe wied er op in joun by in boer to praten dy't tichte by him wenne. Doe't er fuort gong wie sei de boer tsjin syn frou: "De âlde hat sa nei myn raep sjoen dat ik wyt der neat fan, ik mei wol oppasse."
De raep, dat wie in moai horloazje, dat hong oan 'e muorre by 't finster.
De boer bleau yn 'e keamer yn 't tsjuster dy...
nl.verhalenbank.37948
Op in kear kaem Japik Ingberts yn in bakkerswinkel yn 'e stêd. De bakker hie in swier gouden horloazje foar op it boarst.
Japik Ingberts sei tsjin 'e bakker dat er in bôlle ha moest. "Jo matte my de bôlle achter ûnder 't boezeroen triuwe op 'e rêch," sei er tsjin 'e bakker, "hwant ik mat ien foarstelle dy't in buchel hat." En doe bûgde hy him foaroer oer...
nl.verhalenbank.37949
Hjir op 'e Langediken wenne in âld minske, dat tsjoene koe. Myn âldste broer en suster dy gongen ris op in kear nei skoalle ta. Doe sei Lammert tsjin har: "Dû mast de mûle goed ticht hâlde, oars wurdst bitsjoend." Dat mienden se froeger echt.
nl.verhalenbank.37964
Wy sieten ris meielkoar yn 't âlde sûkerijfabryk; Jehannes wie der ek by.
Doe rôp Iebel - dat wie Klaes syn mem - : "Ite!"
Se seinen tsjin Klaes: "Nei hûs ta jong, dû mast ite."
Doe't Klaes thúskom, sei Iebel: "Wy hoeve noch lang net to iten." Doe hie Jehannes wer oan 't bûksprekken west.
nl.verhalenbank.37958
Alde Feddema fan 'e Bûtenfjild sei: "Tink der om, rin noait midden op 'e wei by nacht, hwant dan kinst tsjin in lykstaesje oprinne."
nl.verhalenbank.37874
Op in kear kommen der guon mei in fracht reid by de boer, dêr wie Jehannes ek by. Doe sei Jehannes: Sille wy de hinnen ris roppe? Doe rôp er en dêr kommen alle hinnen oanrinnen, bûtendoar, de hoanne yn 't midden.
Doe die de hoanne in stap nei foaren. Doe sei Jehannes tsjin 'e hoanne: "Dû mast steanbliuwe, heite." Doe die de hoanne in stap tobek.
Doe sei...
nl.verhalenbank.37888
"De kikkerts lûke jim der yn", wurdt der tsjin 'e bern sein as se to ticht by 't wetter komme.
nl.verhalenbank.37877
De Westereindersingel giet nei Kûkherne ta. Dy giet it lân troch by de Westereinder brêge. De Tolheksingel hyt dat stik lân. Winterdeis is it wetter dêr tige heech.
De reed allinne is aerdich heech.
In man hat him der by winterdei ophong, doe't it wetter sa heech wie. Se ha it lyk yn 'e kiste mei in pream dêr wei brocht.
In wike fan tofoaren kaem de soan...
nl.verhalenbank.38215
Doe't ik in lyts jonkje wie, is it folgjende ris gebeurd. Us mem hie in omkesizzer, dat wie Gaetse. Op in nacht koe mem net sliepe. Se wie sa raer hyltyd. Doe hearde se ien by de doar. En doe hearde se it lûd fan Gaetse, har omkesizzer. Hja hearde dat er sei dat har broer Hâns dea wie.
Hja sei it de oare moarns: Myn omkesizzer hat fannacht by de doar...
nl.verhalenbank.38216
Wy setten as bern in krús mei de klomp op 't paed, as der in âld minske oan kom, dêr't se fan seinen dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.37882
Ds. Beversluis stie yn Feanwâlden. Op in kear wied er by ús beppe op hûsbisyk. Doe sei er: "As ik de tsjerke fol ha wol, dan haw ik dat samar klear. Dan rop ik se allegear fan 't tsjerkhôf ôf."
nl.verhalenbank.37897
Jehannes tsyske (= Jhs. Meerstra) wie in fremd man. Hy liet de kat oer de feart springe. "Der over!" sei er.
Wie de kat der oer, dan sei er: "Der weer over!"
En dan sprong de kat werom. Dat liet er de kat in kear of fjouwer sa dwaen.
nl.verhalenbank.38218
Der wienen twa jongfeinten dy woenen ien bang meitsje.
Hja gongen boppe op elkoar stean tsjin in muorre oan yn 't tsjuster, doe't dyselde der oan kaem. Mar dy seach omheech, en sei: "Dit liket raer. Twa ha 'k wolris boppe op elkoar sjoen mar dêr noch noait in trêdden boppe op."
Doe woarden de twa jongfeinten sa bang dat se draefden fuort. Hwant sy...
nl.verhalenbank.37879
Wy hienen in âld kachel, dêr siet in koperen ynstektsjettel yn. Klaes siet flak foar de kachel.
Jehannes sei tsjin him: "Oppasse, Klaes, dêr kin samar wetter út komme!"
"Né," sei mem, "dat is noch noait gebeurd."
"Nou," sei Jehannes, "sjoch mar ris, dêr komt al in snjitsje." En dêr wie 't ek al sa. Doe woe Klaes de fuotten wol ynlûke, hwant it wetter sea.
nl.verhalenbank.37955
Tsjin ús oer wenne in timmerman. Us mem hearde yn 'e nacht faek timmerjen by him. Dat wie yn werkelikheit sa net, der waerd net timmere.
Dan sei se: "Der komt gau wer in deaden." Hwant dan makke hy in deakiste. Dat kom altyd nei.
nl.verhalenbank.37953