Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Men koe klaverboer fuortstjûre om in flesse drank to heljen. It earste romerfol moest ien fan 't selskip oer 't linker skouder fuortsmite en dêrby sizze: "Dat is foar dy."
Dan koenen se fierder drinke.
nl.verhalenbank.31975
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
Us mem fortelde, in jongfaem fan Surhústerfean gong ris nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Hja woe graech de takomst witte. Mar dy wiersizter woe it earst net sizze. De faem hâldde oan, hja woe it witte. Doe sei de wiersizter op it lêst, hja hie de bigraffenis fan dy faem sjoen. In pear wiken letter wie dy faem dea.
nl.verhalenbank.31026
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie fêste arbeider by in boer yn Sumar. Op in moarn, doe't it noch tsjuster wie, gong er de heidereed by Jelke fan Sjoerd Bonnes lâns. Doe wie dêr hwat njonken him.
Jehannes sei: "Goeije morgen."
Mar hy krige neat to hearren fan dy oare. Hy sei nochris goeije morgen, oant trije kear ta.
Doe sei er foars:...
nl.verhalenbank.31581
As wy froeger wurk dwaen moesten sei mem: Opsjitte jonges, de ierdmantsjes dogge it net foar jimme.
nl.verhalenbank.31226
Yn Burgum is it wol meardere kearen gebeurd dat der ien smiten woarde. Sokken sieten dan earst yn 'e kroech en seinen dat se nergens bang foar wienen. Oaren seinen tsjin sa'n ien:
"Jonge, tink der om, dû mast nei hûs ta." Dan sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." Even letter, út 'e herberch, woarde hy smiten links en rjochts, fan 'e iene kant nei de oare.
nl.verhalenbank.27646
Mem sei jouns wol ris as it bêdtiid wie en it wurk wie noch net dien: "Kom, wy geane op bêd. Hwat der noch stiet, dat dogge de ierdmantsjes wol."
nl.verhalenbank.31003
Folkert Paulusma wie yn 'e mobilisaesje fan 1914-1918 ûnder tsjinst yn Brabân. Op in joun siet er mei oare soldaten, sa fortelde er yn 'e herberch. De kastlein wie der ek by.
Doe sei de kastlein: "Sil ik ris in kompie soldaten opkomme litte?"
"Ja", seinen se, dat woenen se wol ris sjen.
Folkert sei: "Wy sieten mei elkoar by de tafel. Doe kaem de iene...
nl.verhalenbank.31605
Fan tsjoensters waerd altyd sein dat se har yn katten foroarje koenen.
nl.verhalenbank.31614
Wibe v.d. Veen, de frachtrider wie ek tige sterk.
Ik wit noch dat er twa sekken moal fan elk 100 poun samar op 'e rêch naem en ta de bakkerij yn sjoude. Doe wied er al in ein oer de 70.
Ek Jehannes Cuperus fan Feanwâldsterwâl hie wol hwat yn 'e bouten. Der moest in bân ûnder 'e auto forwiksele wurde. Mar de kruk woe net. Dy koenen se der net ûnder krije....
nl.verhalenbank.31011
Jelle Hountsje (van der Wal) op 'e Sumarreheide focht geregeld mei de duvel, waerd der sein. De lytse duvels koed er sa wol ha, mar focht er mei de âlde duvel, dan wie er yn 'e ûnderbroek.
nl.verhalenbank.31314