Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ik het wel es het volgende verhoal gehörd. Vanwie en woar da weet ik nie mer. Ers ien ’n huus ien Gendt spoktenet. Toe hemme ze de pestoor gewoarschowd. En nie de keploan. Want die had nie zovul mach, dat ie ’n spook oan kos. De pestoor kwam en bidde zo lang, tot ie ’t spook ien ’n lucifersdöske had. ’t Spook mos toe ’t woater over gebroch worre. De...
nl.verhalenbank.50209
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se dêr nei grave, sakket de kiste altyd djipper. Dêr spûket ek in âlde mynhear. (Dat is dyselde net by 't Lange Ein.) Dy hat dêr yn in slot wenne. Dy kiste mei jild is fan him ôfkomstich. Hy wol dêr hinne, mar 't avanseart net bot om dêr to kommen. Elk jier komt er mar ien hoannestap tichterby.
nl.verhalenbank.30401
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
Oan 'e Gravinneloane mat froeger in gravinne mei koets en hynder en al yn 'e groun sakke wêze. Sûnt spûket it dêr. De Gravinneloane bigjint by de 'Koekoek'.
nl.verhalenbank.23033
Auke Douwes wenne mei syn dochter yn in aek op Foanejacht. Dêr wie doe noch net in brêge. Hy wie ris op in joun nei in kerkeraads-forgadering, wylst wie de dochter allinne thús.
Doe moest der ien oerset wurde.
Hja foer dwarsoer mei de boat. Hja wie der oan ta, doe sonk er foar har yn 'e groun.
Sy is dwarsoer stoud op Earnewâld yn. Doe hat se fiif folle...
nl.verhalenbank.24850
By de Skilige Piip leit in heech stik lân. Dêr leit in kiste mei goud yn 'e groun. In smoarrike keardel hat dat jild dêr yn 'e groun set. Letter ha se dy keardel formoarde. En nou spûket dy dêr altyd noch om. Se ha wol prebearre dy kiste ta de groun út to krijen, mar dat woe net. Hy sakke ûnder it graven hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30509
De Spûkloane is tusken Jistrum en Opperkoaten. Dêr doarsten de minsken by 't tsjuster net lâns, hwant dêr spoeke it altyd.
Op in kear gongen dêr minsken lâns, dy hienen to jounpraten west. Sy hienen elkoar by de hân beet. Doe koenen se ynienen net fierder. Dêr hie in man stien. Dy hie neat sein en wie samar weiwoarn as wied er yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.20580
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se der mei oan 't graven wienen om dy kiste der út to krijen, koenen se dat noait rêdde, hwant as se op 'e kiste stompten, dan sakke dy wer fierder yn 'e groun. Hy kaem noait boven.
nl.verhalenbank.36490
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane.
Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
Op 'e Boppewei ûnder de Westerein roan froeger altyd de âlde hear. Dy spoeke dêr.
Der sit oan 'e Boppewei by de Skilige Piip in kiste mei jild yn 'e groun. Twa man hienen dêr oan 't dollen west om dy kiste der út to heljen, mar doe't se der oan ta wienen en de kiste bleat kom hienen se sein: "Nou ha wy him al!" En dat wie mis, hwant doe sonk de kiste wer...
nl.verhalenbank.24578
Op 'e Skilige Piip doogde it net. Dêr spokke it. Dêr sit in kiste mei jild yn 'e groun, mar dy kinne se der noait út krije. Hwat djipper as se dolle, hwat djipper de kiste ta de groun yn sakket.
nl.verhalenbank.37869
Op 'e Godloaze Singel leit dy skatkiste mei jild bigroeven. De lju kinne him noait út 'e groun wei krije, hwant as se bigjinne to dollen en de lodde rekket it lid fan 'e kiste, dan sakket dy kiste nei ûnderen.
nl.verhalenbank.31016
De Skilige Piip is achter Feanwâlden, oan diz kant de Boppewei. Dêr siet in kiste mei jild yn 'e groun, dêr koenen se noait by komme. In fuorman fan Feanwâlden dy gong dêr ris mei in pear maten hinne yn 'e nacht. Doe bigounen dy maten dêr to graven. Hja stompten mei de lodde op hwat. Dat wie de kiste. Mar dy sakke djipper ta de groun yn, doe't se him...
nl.verhalenbank.30422
Op 'e Boppewei - fan 'e Westerein nei de Falom - siet in kiste mei goud en sulver yn 'e groun. Dy ha se dêr yndertiid bigroeven. It spoeke dêr froeger altyd op dat plak.
Doe binne trije mannen dêr bigong to graven. Mar doe't se de kiste omtrint boppe hienen skopte ien der tsjin oan. Doe is er wer sakke.
Doe binne se wer bigong to graven en doe ha se him...
nl.verhalenbank.28058
Twa bruorren: Piter en Knjillis Alma fan 'e Harkema hienen ris op in nacht to murdzjen west. De hounen hienen se by har. Dy hounen hienen foet hawn fan in murd. Dy hounen wienen jammerjend wer op har ynkom, sa bang hienen se west.
Doe hienen Piter en Knjillis sein: "Hwat mankeart dy hounen?"
Sy waerden sels ek in bytsje bang.
Doe sei de iene: "Sjoch dêr...
nl.verhalenbank.29352
Wolters Tryn wenne op 'e Houtigehage. Sy kom op in joun út 'e hûs wei, doe kom der in lyts wyfke njonken har.
"Goeije navend", sei Tryn.
Dat wyfke sei neat werom.
"Ik sei navend", sei Tryn.
Hja sei noch neat en bleau mar njonken Tryn.
Doe sei Tryn foar de trêdde kear 'navend'. Wer sei se neat en samar ynienen wie se fuort krekt as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.23785
Op 'e Boppewei by de Westerein reizge in hear. Dy spoeke dêr. Hy roan nachts oer 't flakke lân mei in lantearne yn 'e hân. In soad minsken doarsten by nacht de Boppewei net del.
Dêr siet ek in skat yn 'e groun, dat wie in kiste mei jild. Dy koenen se noait opdolle, hwant hy sakke altyd djipper. Allinne hwannear't se der in geit mei trije poaten boppe...
nl.verhalenbank.28201
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun.
Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210