Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Hearrewei dêr roan us in man, dy hie tabak by him. Twa man kommen út 'e herberch wei, dy hienen in stik yn 'e kraech en roannen mei him op. Hy helle in toppe tabak út 'e kladde, smiet dat op 'e wei en sei: Dêr, duvel.
Dat die er noch in pear kear en elke kear sei er: Dêr, duvel.
Doe kom der him ynienen in ding op 'e holle krektlyk as wie 't in...
nl.verhalenbank.12263
Der wenne in frommeske yn Sumar, dat wie famylje fan Sterke Hearke. Hja luts samar twa kroadfollen jirpels troch de modder hinne. Net in keardel dy't it dwaen koe, hja die it allinne.
Sy nom ek samar op elke earm in sekfol jirpels, dy't se nei de wâl ta sjoude. Hja skreau har Borger.
nl.verhalenbank.25634
Der binne minsken, dy ha in kontrakt mei de duvel sluten. Dy hingje jouns in lege ponge oan 'e leuning fan 'e brêge en dy ponge sit dan de oare moarns fol jild.
nl.verhalenbank.21122
Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.
nl.verhalenbank.32921
Alle frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrfoar matte se trije kearen om it tsjerkhôf hinne rinne mei in siferse kat yn 'e sek by har en dan matte se trije kear achter elkoar roppe: "Wie koopt er die haas?"
Dan is der ien dy keapet dy kat foar in daelder. Dat is, leau 'k, in soarte fan ryksdaelder.
It is fansels de duvel dy't dat docht.
Dy wikseldaelder,...
nl.verhalenbank.20343