Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De bern fan Sint en Liuwkje, dy't achter de Swâdde wennen yn Twizelerheide droegen in stik duveldrek yn in pûdtsje oan in eintsje tou om 'e hals. Dat wie tsjin 'e tsjoensters.
Der wienen ek wol guon yn Twizelerheide, dy hienen in stik duveldrek ûnder 'e drompel. Ek tsjin 'e tsjoensters.
Heit brûkte duveldrek as de bargen bigje moesten. Dan krigen se it yn...
nl.verhalenbank.33451
't Wie yn 'e Frânse tiid. Op it Bouwekleaster wenne Bindert Kloosterman. Dy wie dêr boer. Hy moest in hiele protte bilesting bitelje. Dat moest allegear yn sulverjild foldien wurde en nei Ljouwert ta brocht wurde. Hy laedde it jild yn twa sekken en dy kamen op in kroade. Doe sei er tsjin Sterke Hearke: Bring dû dat even nei 't bilesting[g]ebou yn...
nl.verhalenbank.36590
Yn 'e Harkema krigen de bern froeger altyd stringen fan kraellelies (kralen) om 'e hals. As se dy droegen dan koenen se net bitsjoend wurde. De âlden reauwen dy kralen foar de bern. (kraal-lelie of tijgerlelie).
Sy droegen ek wol pûdtsjes mei duveldrek op it boarst.
nl.verhalenbank.23129
Der wie in jonge yn 'e Koaten, dy moest lotsje foar de tsjinst. Hy woe fansels graech frij. Doe sei Stammerige Harm fan Twizelerheide, hy moest it earste pikeaei fan 't jier yn 'e bûse dwaen en dat by him drage as er lotte. Dan soed er frijlotsje.
nl.verhalenbank.33459
Hearke Zandstra fortelde: Pake wie in bêste keardel.
Der wie in tige earme man west, dy hie twa sekfollen jirappels by de boer út 'e bult helle. Hearke wie doe stille plysje. Hy stie achter in dyk en seach it.
Doe't dy man it earste sekfol oer de dyk sjouwe soe, sei Hearke tsjin him: "Kinst se der oer krije?"
De man woarde bot kjel, mar Hearke sei tsjin...
nl.verhalenbank.20585
As it hynder de dong net út it skerngat lûke koe, spande Hearke it út en loek de wein mei dong der sels út.
Hearke wie ek stille plysje.
Op in kear moest er in sekfol jild nei Ljouwert ta drage. Doe wienen der ûnderweis twa mannen dy pakten him oan. Dy woenen it jild ha. Hearke sei: "Hjir hawwe jim 't." Mar doe krige er dy beide mannen en hy treau se...
nl.verhalenbank.37204