Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der hat hjirwei in manspersoan nei Wopke ta west om in drankje. Wopke joech it him, mar sei: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net ûntstelle. Pas der goed op."
De man die de flesse mei 't drankje yn 'e binnenbûse en seach der ûnderweis net wer nei om. Hy tocht, dat it dêr wol feilich wêze soe.
Mar doe't er thúskom, wie 't fleske leech.
Hy werom...
nl.verhalenbank.32953
De bern hienen in pûdtsje duveldrek op it boarst en roggekerls binaeid yn 'e seamen fan 'e klean.
nl.verhalenbank.23446
Heit wie op 'e klaei to sichtsjen. Doe krige er dêr de koarts. Hy gong fuort by 't sichtsjen wei.
"Matte jo nei hûs, Jan?" sei ien fan 'e sichters.
"Ja," sei heit, "ik kin hjir net bliuwe. Ik trilje der oer, sa slim haw ik de koarts."
"Dan matte jo njoggenderlei hout opsykje en dat yn 'e bûse dwaen."
Heit hat dat dien. Dy houtsjes woardden stadichoan wei,...
nl.verhalenbank.16825
Se pielden froeger in bulte mei duveldrek om feilich to wêzen tsjin tsjoenderij. Se hienen it oeral ûnder 'e drompels. De bern hienen it ek yn in pûdtsje op 't boarst. Ik wyt noch wol, dat ik as jonge mei oare jonges simmers nei de Liuwe-poel ta gong to baeijen. Dy jonges hienen allegear ûnder 'e klean in bantsje om 'e hals, dêr't in pûdtsje mei duveldrek...
nl.verhalenbank.33647
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
Jan Hepkes hie in karrefol fellen fan 'e Feanster boat helle, by de Swimmer. Der sieten in protte maitsen (= maden) yn dy fellen. Doe kom dêr in mynhear by him to sjen. Dy seach dy maitsen. Hy sei: "Hwat foar beesten binne dat?"
"Dat binne maitsen", sei Jan.
"Dat lijken aardige beestjes", sei dy mynhear.
"Ja," sei Jan, "daar ken je goed mee vissen."
"Dan...
nl.verhalenbank.33095
By deselde boer wie Hearke mei in arbeider oan 't siedsjouwen. Dat sied moest yn baeltsjes nei de siedsouder sjoud wurde; Hearke moest dan de hiele mjilling earst delrinne. Hearke krige syn nocht fan dat rinnen en sei: "Gean dû ris op 'e siedsouder stean, dan smyt ik dy de sekken sied ta." Dat ha se dien en Hearke hie doe it sied yn in omsjoch toplak.
nl.verhalenbank.20139
Foar pine yn 'e mûle moest men in koarste roggebrea by jin yn 'e bûse ha.
nl.verhalenbank.15633
Dy't in wikseldaelder ha woe moest trije kear mei in kat yn 'e sek om 'e tsjerke hinne rinne en elke kear ta de tsjerkedoar ynroppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trdde kear lange hy de sek mei de kat der yn oan ien dy't achter de doar stie en hy krige der in daelder foar yn 't plak.
nl.verhalenbank.16930
Gjert van der Wyk syn mem hat bitsjoend west. Sy wie doe al in âld minske fan sa'n sauntich jier. Har man gong mei it wetter nei de duvelbander ta.
Underweis kom er de tsjoenster foarby. Dy sei: "Hwer sil dit hinne?"
Hy sei: "Dêr't ik noch net bin."
De duvelbander joech him in drank mei foar 't âld-minske. Dy drank hied er yn 'e bûse. Underweis kom der in...
nl.verhalenbank.16890
Rixt roan mei in baeltsje fan 200 poun sied samar by de leider op nei boven ta.
nl.verhalenbank.16864
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie.
Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht.
Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Op in kear doe moest Hearke sekken fol sie nei de souder bringe. Hearke die syn wurk bidaerd-wei en dat gong de boer net fluch genôch. "Ik kin wol oars, hear", sei Hearke, en doe smiet er de sekken mei sied samar fan 'e groun op 'e koesouder.
Mar dat koe net, hwant doe barstten de sekken.
nl.verhalenbank.28555
Earen wie 't allegear sulverjild. Dat wie swier fansels om to dragen. Omt Hearke sa sterk wie moest dy faek foar banken nei Ljouwert ta mei in protte sulverjild. Dat droech er dan yn in sek op 'e rêch.
Yn 'e Burgerheide wie 't doe allegear noch bosk. Doe kom dêr in man út 'e wâl wei, dat wie in rover. Dy hearde it jild rinkeljen yn 'e sek en hy sei tsjin...
nl.verhalenbank.32768
Ien dy't in wikseldaelder ha wol, dy mat in swarte kat yn 'e sek dwaen. Dêr mat er trije kear mei om 't tsjerkhôf hinne rinne tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht en dan mat er oan ien tried wei achter elkoar roppe: "Ik haw in swarte kat yn 'e sek!"
De trêdde kear mat jy der net om hinne rinne. Dogge jo dat, dan is dat jou dea. Dêrom doart noait ien dat to...
nl.verhalenbank.28718
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster by Bindert Japiks Kloosterman. Doe moesten se alris sied op 'e souder bringe. Dat gong de boer net hurd genôch. Op 't lêst sei hy der hwat fan tsjin Hearke.
Doe krige Hearke de balen sied en dy smiet er ien foar ien fan 'e telle op 'e souder. 't Wienen balen fan in mudde.
Mar sa koe 't ek net, hwant doe sprongen de...
nl.verhalenbank.25764
Albert Gjaltema yn 'e Grinzer Pein wie mar in lyts koopmantsje. Mar hy hie noait forlet fan sinten, hy hie altyd wol jild om hannen. Hoe koe dat?
De lju seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. Op in nacht hied er fuort west, en doe hied er in wikseldaelder fan 'e duvel krige. Hy koe dy daelder út jaen, mar hy hie him fuort wer yn 'e bûse.
Dêrtroch siet...
nl.verhalenbank.25558
Om 'e sawn jier moat der ien fan 'e frijmitselders dea. Dêr wurdt om lotte. Hja stjerre ûnforwacht. Frijmitselders ha in wikseldaelder. Hja ha gjin forlet fan jild. Hja krije in troffel mei yn 'e kiste.
De frijmitselders hingje in lears op mei de soale der út.
De duvel smyt dêr jild yn.
Hoe krije se in wikseldaelder?
Mei in kat op 'e earm geane se nei de...
nl.verhalenbank.17529
Hearke hat ek stille plysje west: onbezoldigd veldwachter.
Op in kear moest er jild ôfleverje yn Ljouwert. It jild hie er yn in pûde oer 't skouder hinne. Der siet nochal hwat yn. Hy gong rinnende wei nei Ljouwert ta. Oan 'e oare kant Hurdegaryp is 't in keal ein. 't Wie jountiid en doe trof Hearke dêr in pear keardels, dy hâldden him oan.
"Hwat is dêr yn...
nl.verhalenbank.34524