Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: zak Narrator Gender: male Place of Narration: Drachten
Ek in kear, doe siet ús buorwyfke by ús. Doe wie Imke de Jong der ek. Doe sei 't minske: "Kom, ik mat der mar op út to boadskipjen." "As jo boadskipje wolle," sei Imke, "dan matte jo ek sinten ha." "Dy ha 'k wol", sei 't minske. "Binne jo dêr wis fan?" sei Imke. "Jawis", sei se. "Sjoch dan mar ris", sei Imke. Hja sjen en sjen en doe sei se: "Och heden, ik...
nl.verhalenbank.25585
Ik kom us in kear út tsjerke wei. Ik moest de bosk foarby. Doe hearde ik dat dêr ien kjirme. Ik tocht: O heden, dat is grif in oanranding. Ik gong dêrhinne, dêr't it lûd wei kom en ik hie myn mes al út 'e bûse. Doe kom ik by in bank, dêr siet in âld-minske op. Ik sei: "Goeije dag, mefrou." "Ik bin gjin mefrou," sei se, "ik bin in juffrou." "Sil ik de...
nl.verhalenbank.26936
Hoe't men in wikseldaelder krijt: As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe. Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
Yn Aldegea stiet in hûs, dêr stienen froeger trije greate linebeammen foar. Dy hienen har tûken oer de hiele wei hinne. Dêr wenne in skuonbaes yn dat hûs en dêr wie ek sliterij. Gâns boeren stieken dêr simmerdeis oan. Der stien krêbben foar de hynders foar de muorre. Hylke Bakker wenne dêr. Mar earder wenne dêr Theunis Harms Veenstra. Dy wie feanbaes en...
nl.verhalenbank.25052
Adrianus Biesterveld hat oan 'e Dwarsfeart to Drachten wenne. Dêr wienen se allegear bang foar, hwant hy koe samar ien formoardzje om hwat jild. Op in kear, doe wie er krekt út 'e gefangenis wei. Doe siet er yn 't 'Grauwe Peerd' to Drachten. Dat wie in herberch. Doe kom dêr in reizger, dy moest nei 't Hearrenfean ta. Hy hie in koffer by him. Hy woe in man...
nl.verhalenbank.25050
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers. Sy seinen: "Je geld of je leven." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Yn 'e Houtigehage wenne in âlde frou. Dy hie lêst fan rimmetyk. Doe sei se tsjin in man: "Sjogge jo ek kâns in dikke libbene pod to krijen? Mei in rustige spiker mat dy pod deamakke wurde." Hy bringt dy pod nei de âlde frou ta. Doe hat dy âlde frou dy pod yn in pûdtsje binaeid en sa droech se dy pod by har op 't fel foar de rimmetyk.
nl.verhalenbank.25699
Jan Hepkes fan 't Surhústerfean wie yn 't bûtlân to meanen. Hy meande doe wylst er de sek noch om 'e seine hinne sitten hie. En sa meande er ek noch de kop fan 't harspit ôf, dat yn 'e groun stie. Sa'n bêste seine hied er en sa goed koed er meane!
nl.verhalenbank.28255
As de bern nachts ûnrêstich wienen, krigen se yn 'e Boelensloane in pûdtsje mei duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.23510
De bern droegen froeger faek in stikje duveldrek yn in pûdtsje op it boarst fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25562
35