Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hy stjûrde der faek bitiid yn 'e moarn twa man op út mei in wyt lekken by har en twa amers. Dy mannen moesten nei 't greidlân ta. Hja moesten it lekken oer 't wiete gjers slepe en it dan útwringe yn 'e amers. Sa krigen se de beide amers fol dauwe.
Daudweilje neamden se dat.
nl.verhalenbank.32210
Der wie in man dy moest de skonk der ôf ha fan 'e dokter. Mar dêr wie er noch net oan ta. Hy gong nei Knjillis Wytses ta en frege him as dy der ek ried foar wiste. Hy moest de skonk bleat meitsje. Doe die Knjillis Wytses hwat yn in kalkene pipe en bigoun to smoken. Hy soarge der foar dat de reek by de bleate skonk lâns gong.
It duorre net lang of dêr...
nl.verhalenbank.32211
In tige foarname wûnderdokter wie ek Joast Wiersma fan Jistrum. Yn Garyp wie in fanke dat al lang gammele en neat gjin baet foun by de dokters. Doe gong har heit nei Jistrum ta en rieplege Joast.
Joast sei: se mat dêr hwat fan ha en dêr hwat fan ha. Ik sil it opskriuwe, dan kinne jimme dat wol bistelle by David Fludtsje yn Drachten. (David de Vrieze hie...
nl.verhalenbank.32212
Ien kear yn 'e wike ried der in hynstetram fan Feanwâlden nei Sumar apart mei pasjinten foar Knjillis Wytses.
nl.verhalenbank.32208
Knjillis Wytses hat ris mastere mei de dochter fan in prefessor út Grins. Mar dat wist Knjillis Wytses net. Hy bihandele it fanke, joech har guod mei en it fanke waerd wer better. Doe't se dan genezen wie gong de professor noch in kear mei har nei Knjillis Wytses. Doe makke er him oan 'e wûnderdokter bikind. Mar hy woe wite hokfor guod er syn dochter...
nl.verhalenbank.32209