Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: wonderdokter Place of Narration: Drachten
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780
Hinse Beest In âldomke fan ús wie Hinse Benedictus fan it Swartfean ûnder de Drachtster Pein. Hy waard troch in dei Hinse Beest neamd, omdat er kundich wie yn it feedokterjen. As der in ko siik wie, hoegden se mar mei in tûflke hier tusken de hoarnen wei by him te kommen en hy seach, watfoar kwaal as it beest hie. Hy doktere ek oer minsken. Se hoegden...
nl.verhalenbank.12997
Greate Wopke fan Kûkherne wie in duvelbander. Mar 't wie ek in wûnderdokter. Ik wie in jonge fan alve jier, 'k wie altyd siik. Twa dokters gongen der oer my, dokter Visser fan Drachten en nòch ien. Mar 't joech neat. Doe gong heit mei myn wetter nei Wopke ta. "Kom, bist dêr al?" sei Wopke. "Lit my 't wetter mar gauris sjen. Dy jonge hat izersterke...
nl.verhalenbank.24823
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide. Hy wie by Simen Linses yn 'e kost. As wy him as bern oankommen seagen setten wy mei de klomp gau in krús. Hwant dêr moest Piter oer stroffelje, seinen se. Ik ha 't dêrom noait sjoen.
nl.verhalenbank.33037
Froeger gebeurde it faek dat de naeisters de tried stikken bieten mei de tosken. Dan kom der in eintsje tried yn 'e mage fan sa'n minske torjochte. Sa wie der in frommeske dy die dat altyd en op 't lêst hie se in hiele klute jern yn 'e mage. Doe krige se dêr lêst fan. Doe gong se nei Sânbulten. Dêr wenne lytse Fedde. Fedde Stryk sizze se ek wol (F. de...
nl.verhalenbank.33369
Dokter Visser syn frou sukkele altyd. Dokter koe har net better krije. Doe gong dokter op in kear mei har wetter nei greate Wopke ta. "Kom, binne jo dêr al?" sei Wopke. "Ja", sei dokter. "Lit my 't wetter fan 'e pasjinte mar ris sjen", sei Wopke. Doe't er dat sjoen hie, sei er tsjin dokter Visser: "Sjoch, it sit sa: Jo binne wol achter de kwael, mar jo...
nl.verhalenbank.24824
Der wie èk in frou, dy hie in lintwjirm. Dy woe se fansels graech kwyt, hwant dat ding hâldde har alhiel yn 'e ûnderwâl. Dat doe gong se nei lytse Fedde ta. Doe't Fedde heard hie hwat der oan mankearde, sei er: "Jo kinne wol wer nei hûs ta gean en dan matte jo mei twa dagen mar ris wer komme. Mar yn dy tiid meije jo alhiel gjin iten ha." Nei twa dagen kom...
nl.verhalenbank.33370
Ik hie bruorren dy kommen fan 'e klaei thús mei de trêddedeis koarts. Dat wie in hevige koarts dêr't se bot ûnder to lijen hienen. Sy masteren mei dokter, mar dy koe de koarts der net wei krije. Doe gongen se nei Knjillis Wytses, de wûnderdokter fan Sumar. Dy sei: "Jimme matte brandewyn ynnimme mei 't read fan 't aei." Dat ha se dien en sy wienen de...
nl.verhalenbank.27506
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se wol faek nei Jonge Jan fan 't Wytfean.
nl.verhalenbank.27510
Yn Drachtster Kompenije wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander ta. By Rottefalle gong er de skeanpaden del. De duvelbander sei tsjin 'e heit: "Ja, 'k hie dy al forwachte. 'k Sil dy guod jaen." Doe krige er in drank. "Tink der om," sei de duvelbander, "ast nou aenst it skeanpaed fan 'e Rotfalle del giest dan komme der in pear allemachtich...
nl.verhalenbank.25566
Heit hat wol nei greate Wopke ta west. Net fanwege tsjoenderij. Heit hie 't oan 'e mage. Hy hie der al mei omdoktere, mar de dokters koenen der neat mei wurde. Doe't heit by Wopke kom, sei dy: Jo matte in mingel molke opsette en der 2 fellen skriuwpapier yn oplosse en dat opdrinke. Dan binne jo samar wer better. Dat hat heit dien en in pear dagen letter...
nl.verhalenbank.36653
As der ien bitsjoend wie gongen se meastal nei Jonge Jan (Benedictus) om guod. Dat wie de duvelbander fan 't Wytfean. Hy sei dan: Jimme matte al oppasse, hwant der kin ûnderweis wol us in kat of in houn of in hazze by jimme opspringe, dy't it fleske stikken meitsje wol. (Dat wie dan de tsjoenster)
nl.verhalenbank.26118
As der to Boelensloane in bern bitsjoend wie gongen se nei Frânse Hinke ta yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Sy nommen in stikje klean fan it bern mei, meastal it mûtske. Hinke joech de lju in drankje mei, ek wol us in pod. De pod moesten se de berntsjes yn 'e klean binaeije. gaf ze die mee? Had ze padden in voorraad?
nl.verhalenbank.23501
1