Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: wijzen Narrator Gender: male Place of Narration: Surhuisterveen
Fan Hearke wurdt forteld dat er iens op 't lân oan 't ploeijen wie en dat der doe ien by him kaem dy't frege hwer't Hearke wenne. Hearke hie doe de ploege optild mei ien hân en dêr mei wiisd nei syn hûs en sein: Dêr wennet er en hjir stiet er. Mar ús heit sei altyd: Dêr is neat fan oan. Dat is noait gebeurd mei Hearke.
nl.verhalenbank.37518
Sterke Hearke wie oan 't ploeijen op it lân. Doe kom der in man oan, dy frege: "Wite jo hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke tilde de ploech op en wiisde dêr mei. Doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.29136
Der kamen ris in pear soldaten by Greate Pier. Dy wie oan it ploeijen. Hja fregen him of er ek wiste hwer't Greate Pier wenne. Hja hienen yn dy tiid in houten ploech mei in sturt der oan. Greate Pier krige de ploege by de sturt beet mei ien hân en wiisde dêrmei nei syn hûs. "Ja," sei er, "dêr wennet er, en hjir stiet er." Doe hienen dy soldaten neat mear...
nl.verhalenbank.38369
Der kom us ien by Hearke op it lân. Dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke krige de ploech, tilde him op en stuts him rjochtút en sei: "Dêr wennet er." "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.27238
Jan Hepkes hie altyd in bont keallefestje oan. Feitse Brants leefde even earder as Jan Hepkes. Feitse koe 't noch fremder sizze. Op in kear gong Feitse Brants de feartswâl del, dat is bûten de haven nei Readskuorre op. Hy wie to foet. Doe kom dêr samar ynienen in simmertwirre oan. "Ik liet my foaroer falle", sei Feitse en ik pakte in pôlle gjers beet. En...
nl.verhalenbank.28864
35