Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: werpen Place of Narration: Akkerwoude
Myn broer Freark meande deis twa pounsmjit ôf. Hy hie in seine, dy't folle wider wie as in gewoanenien. Doe't er noch in jonge baes wie gong er us in kear de kant nei Dokkum op. 't Wie op in jountiid. Dat wie nei de kroech ta, oanstekke en sûpe. Doe kom er mei de rêch tsjin 'e blommen oan to sitten dy't foar 't glês stienen. De frou sei: "Jo matte...
nl.verhalenbank.23546
Heine Hellinga roan op in jountiid op 'e singel yn Ikkerwâld (Schwartzenbergloane). Ynienen stapte der in man njonken him. Dy sei neat. Doe sei Heine: "Men seit ek wolris hwat, net?" Heine woarde fan it midden fan 'e wei ôf opnom en oer in beamwâl yn 'e sleat smiten.
nl.verhalenbank.24013
Froeger hienen se yn Moarmwâld in matteweverij. Dêr bistriden se de wurkeloasheit mei. Sy weefden mei rosken. Dy rosken woarden op 'e souder droege. Dan bleauwen se taei. Dienen se 't yn 'e sinne dan woarden se bros. Sy moesten dus de rosken fan 'e souder helje. De man dy't de leiding hie fan dy matteweverij flokte altyd bot. Op in kear gong er by de...
nl.verhalenbank.24008
't Wie op in jountiid op in boerespul. 't Wie min waer en 't reinde dat it spielde. Doe kom der in frommes by de doar, dy woe dêr graech sliepe. Sy koe ûnmooglik fierder mei sok waer. Dat wie goed. Mar doe't se in skoftsje yn 'e hûs sitten hie, stie de boer it net rjocht. Hy tocht: dit kin wolris in manspersoan wêze. Doe smiet er har in apel ta. En dy...
nl.verhalenbank.23563
Hjir yn 'e buert is ris ien smiten woarn troch de kweade. Hy hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.24147
Mem hat ek tsjinne yn 'e Broek by Sinnema. Hja wie sa sterk, hja smiet in bael rys fan twahondert poun oer de toanbank hinne. De frou fan Sinnema hie sein: "as jo dat dwaen kinne, krije jo in ryksdaelder." En hja hie 't dien.
nl.verhalenbank.23548
Heit fortelde, hjir yn 'e herberch bistelde ien alris in flesse drank mei in kaert. Dy flesse kom der oansweven en sweefde boppe de tafel. Earst pakte net ien dy flesse. Op 't lêst hie ien de flesse oan krige, oars hienen der deaden kom. It earste romerfol waerd oer 't skouder fuortsmiten.
nl.verhalenbank.24353
Mei Sinteklaes wie 't by ús op 'e Broek wol us lotsjen. 't Wie froeger in krappe tiid en mei lotsjen koe der noch wol us hwat by fortsjinne wurde. Doe kom der in man by ús, dy woe de boel yn 't hûndert jeije. Wy hienen yn dat hûs in boppe- en ûnderdoar. De boppedoar stie op. Doe krige mem dy man by de broekspipen en by 't boarst en sy smiet him oer de...
nl.verhalenbank.23549
Brún Douma wenne op 'e Kapelle. Hy roan in kear de sânreed del. Doe hearde er dêr in great gelút. Doe woarde er samar opnom en fan 'e loane ôfsmiten. It wie de duvel dy't dat die, mar hy seach neat. Hy koe net thús komme. 't Wie op in joun. Hy hat it sels faek forteld.
nl.verhalenbank.23074
Jan Broersma syn mem wie in Hinke Pruik. 't Wie famylje fan ús. Sy wenne èk yn Ikkerwâld. Der wenne hjir in Heine Uiterdyk, die forkocht skalen (planken), dy krige er fan Dokkum. Dêr kom dan in weinfol skalen wie. Op in kear, doe moest Jan Broersma syn mem fan dy skalen brûke. Dy nachts fan tofoaren op bêd hearde hja, dat it by har op it hiem hyltyd bot...
nl.verhalenbank.23065
1