Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: werken Place of Narration: Twijzelerheide
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe. 'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen. Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort. "Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden. As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen....
nl.verhalenbank.10675
Sterke Hearke siet in kear yn in stik lân. Dêr hied er hwat to dwaen. Doe wie der in keardel by him kom. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe hie Hearke de kroade yn ien hân beet krigen. Sa hied er him optild en rjocht foar him útstutsen. En doe hied er 't plak oanwiisd, hwer't er wenne.
nl.verhalenbank.27384
Der wie in faem, dy woe graech nei de kermis ta. Mar de boer sei: "Dû mast earst de rogge op it lân yn skeaven bine." Mar dêr lei safolle rogge op it lân, dat koe ien minske allinne noait op in dei dwaen. De faem gong nei 't lân ta en sy sette har de kermis mar út 'e holle wei. Doe kom dêr in menearke oan en dy frege har: "Hwerom bistû net nei de kermis?"...
nl.verhalenbank.20116
Doe't ik yn Kloosterburen by de boer wenne, wie dêr nachts faek 'voorbereiding'. Dan koe 'k net sliepe. Dan gong de tsjerne sa'n hiele nacht troch, wylst der net ien by wie. Hwant oeral is nachts 'voorbereiding' fan.
nl.verhalenbank.20102
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.23420
Yn 'e stêd wenne baes Idzerda. Dy hie wol fiifentwintich feinten. Hy wie tige fyn, mar skynfrom. 't Wie in koekert. It folk neiride, dat koed er. Ik haw sels ek by him yn 't wurk west. Der wie ien feint, dy hie dêr al jierren west. Op in moarn doe kom dy feint hwat to let op 't wurk. De âlde Idzerda trof dat. "Jonge," sei er, "doe bist wat te laat." "Ja...
nl.verhalenbank.28401
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich. De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter. Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde. As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan. Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
nl.verhalenbank.21992
Heit wie der op út om meanderssinten. Hy hie foar de boer meand (mei de seine doe noch), en nou wie er nei dy boer ta. Doe't er 't jild bard hie en wer op hûs ta soe, stie der ynienen in pleachbeest foar him. 't Wie tusken alve en tolve ûre. 't Wie krekt in grouwe houn. Hy gyng oerdwars stean en kearde heit. Heit koe der net troch. Doe is heit even werom...
nl.verhalenbank.28434
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
Yn 'e Falom, op 'e Breedte gebeurde 't faek, dat de tsjernmoune yn 'e nacht gong. Hja hearden it hynder klear yn 'e rounte gean. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.28450
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Stammerige Harm wie sa'n frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hy hat syn âld wiif ôfgryslike min bihandele. Werke die er net, mar hy socht hynstestront op. Hy hie altyd wol jild om hannen. Wie de ponge leech, dan hong er him op en even leter hied er wer in folle pong. Dy't ienkear...
nl.verhalenbank.38653
35