Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: werken Place of Narration: Eastermar
As minsken (arbeiders) tofolle praetten by it wurk, krigen se it folgjende teltsje to hearren fan 'e boer: Der wienen twa arbeiders, dy groeven in feart. Sy bigongen elk op in ein. Doe wienen se op it lêst byinoar. Doe bigong de iene to praten. Doe hâldde de oare op mei graven en sei: "Ik wol net mear mei dy arbeidzje, want dû bist in prater."
nl.verhalenbank.20601
Knjillis en Albert Hut (Albert wie Tet har man) wienen oan 't boekweitterskjen by 't Bouwekleaster. Mar de beide mannen dienen oars neat as flokke en oangean en healwiizje. Dat der gebeurde neat, sy fierden gjin slach út. Dêr wienen se to ûndogens foar. Doe kom Hearke op 'e Rysloane stil to foarskyn. Hearke wie ek stille plysje. Hy krige Knjillis by 't...
nl.verhalenbank.20489
As jy saterdeijouns jild barre fan 'e boer, en jy hienen der neat foar dien, dan trillen jin de hannen.
nl.verhalenbank.20077
By de bruorren Veenstra, de omkes fan Piter en Klaes misten se al in pear kear ierpels út 'e bult. Der moest in dief wêze, dy't dêr nou en dan ta siet. De beide bruorren nommen sterke Hearke ûnder 'e earm dy wie stille plysje en dy hie wol us in kerweike foar har dien. Hearke hâldde him dy nachts tichte by de bult forskûle. De dief kom der oan en gong ta...
nl.verhalenbank.19959
Ik ha faek nei Grinslân to arbeidzjen west. Yn Middelstum wie 'k by in greate boer. Dy woe noait ha dat wy op moandei mei in nij krewei bigounen. Altyd kom der op saterdei mei 't mes ien skeaf ôf en dan farden wy moandeis fierder. Dat die hy der om omdat der forkearde moandeis (kwea-moandeis) yn 't jier wienen.
nl.verhalenbank.33616
Us heit en ús Oebele en ik hawwe ris yn Uthuzen west op 'e klaei oan 't wurk. Ik wie doe fjirtsjin jier. Doe slepten wy yn in skuorre, dêr spoeke it yn. Dêr woarde in kat yn 'e nacht fan 't iene plak nei 't oare smiten. Mar wy ha noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.29316
Der siet us in man ûnder in koe to melken. Dy flokte sa bot. Hy sei: "Ik woe wol, duvel, dat ik yn 'e moanne siet." Hy is der hinne stoud en sit der noch altyd mei jok en amers. Sjoch mar us goed.
nl.verhalenbank.20468
In broer fan ús heit kom us op in jountiid let noch troch Sumar. Doe't er dêr de Lânsbuorren lâns roan, hearde er dêr op in plak timmerjen. Hy sjen en sjen, mar der wie neat to rêdden. Letter woarde der op dat plak in plaets delset.
nl.verhalenbank.34635
Ik ha faek heard dat de tsjerne yn 'e nacht troch gong - dat dat sein woarde, en ek dat se yn 'e nacht de kloppen fan 'e flaljes hearden.
nl.verhalenbank.28393
By Bindert Japiks op it Bouwekleaster wie Hearke boerearbeider. Hearke en in oare arbeider stienen by de dongbult en de feint ried de wein mei dong fuort. Mar dy feint wie samar wer werom, dat it gong Hearke hwat to hurd. Hy sei tsjin syn maet: "Dû mast de dong mar splite yn greate stikken. Doe laedde Hearke dy greate stikken dong op 'e sydleiders, op 'e...
nl.verhalenbank.19947
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts. Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Kabouters, seinen se, hienen har wenplak yn 'e groun. Nachts dienen se it wurk foar de minsken. Wy plachten wol to sizzen, as it wurk jouns net ôfmakke wie: "Smyt it wurk der mar hinne en lit de kabouters der mar mei rêdde."
nl.verhalenbank.29307
Yn Harkema mocht der op 'e joun, as de boer mei 't wurk ophâldde, net in lêch strie op 'e telle lizzen bliuwe, hwant dan waerd der nachts tursken. Mei it braekjen wie 't ek sa. Hwat men ûnderhannen hie jouns, dat moast earst ôfdien wurde, oars gongen der yn 'e nacht forkearde hannen mei to set. De tsjerne mocht ek gjin molke yn stean bliuwe foar de nacht....
nl.verhalenbank.12268
Der wie ris in boer, dy krige ûngetiders. It wie tige drok yn 'e heatiid. Dy ûngetiders moesten swylje. De boer sei tsjin 'e mannen: "Jimme matte alle hea nei de kant ta swylje." Dat like dy arbeiders nuver ta. It wie altyd de gewoante it hea nei de midden ta to swyljen. Mar omdat de boer it sa ha woe, swilen se nei de kanten. Der wie ien arbeider by, dy...
nl.verhalenbank.33852
It wie yn 'e ûngetiid. De boer hie it tige drok mei syn arbeiders. Se skeaten tiid tokoart. De boer wie gleonhastich. Hy die 't him middeis amper oan tiid to iten. Hy lei altyd al gau de leppel del en dan moesten de arbeiders it út fatsoen èk wol dwaen. Mar dit sinnige har net fansels. Se krigen op dy menier to min iten. En dêrom nommen se op in dei it...
nl.verhalenbank.33853
Der wienen al ris twa poepen by de boer to meanen. It wie oannaem wurk en hja fortsjinnen der eins to min oan. De boer wie oan 'e deune kant en gunde de beide poepen net rjocht in deihier. Doe tochten dy poepen: Wy sille dy wol krije, fader. Hwat hja to dwaen hienen, hja meanden allinne mar de kanten fan it stik lân, de rânne der omhinne. Doe't dat...
nl.verhalenbank.33851
1