Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Foar de tsjoensters makken se in krús foar de doar. Dan koenen sy der net ynkomme.
nl.verhalenbank.21685
Froeger hienen se hjir oeral duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr kearden se de duvel mei. As se duveldrek yn 'e hûs hienen wienen se feilich foar de duvel. Sy hienen 't ek wol yn 'e bûse.
Foaral guon dy't der yn 'e nacht op út moesten dienen dat. Dan wienen se feilich.
nl.verhalenbank.24298
Yn 'e Biskop (by Duerswâld) hie in man in kriikhoantsje oan in line op 'e tún. "Dat giet hjir fan liderom-laderom," sei er, "'t giet noch heger as 't gerjochtshôf."
Hy hie in striesket yn 'e keamer om de boaze geesten to kearen.
nl.verhalenbank.25454
De nachtmerje komt yn 'e nacht by de minsken.
Froeger setten se de klompen ûngelyk foar de doar 89 jouns. Guon âlde minsken dogge dat noch. Oars kin de nachtmerje dêr yn stappe. Hwant sy rint altyd yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.
De nachtmerje komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken struiden wol us moal op 'e rânne fan 't bêd of op 't gesicht...
nl.verhalenbank.24237
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy krige in poppe.
Doe kom dêr hyltyd in âld minske by har, dy woe de poppe sjen. Doe woarde dy poppe siik. Se seinen: dat bern is bitsjoend. Doe hie 't minske dat âld wiif yn 'e rekken. Doe't dy wer kaem hat se har fuortjage. Sy mocht dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.22046
Hjir hat in mem wenne dêr kom altyd in nachtmerje by. Dy koe troch alle lytse gatsjes. 't Wie in frommeske. Hy hat har in kear achter de keamersdoar stean sjoen. Hja hie lang hier op 'e holle.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Om har to kearen mat men de klompen onrjocht delsette.
nl.verhalenbank.24652
De jongste of âldste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtmerje.
Myn suster hie forkearing mei sa'n nachtmerje. Dat wie Willem Boomsma. Mar sy troude mei in oaren ien. Doe kom Willem Boomsma nachts faek as nachtmerje by har. Doe hat se fleartokken op 'e rânne fan 't bêd lein (oan 'e foarkant) en in brogge foar 't bêd op 'e groun. Doe hie se gjin...
nl.verhalenbank.25171
Myn muoike en omke (mem har broer) hienen faek lêst fan 'e nachtmerje. Sy hearden de nachtmerje by de doar wol oankommen. Omke hat wol mei opset oer de flier lein ynpleats fan yn in bêdsté, mei 't ljocht op, mar 't joech neat. De nachtmerje kom like goed. Clare-muoi hat wol mei de nachtmerje oan 't fechtsjen west. De nachtmerje hie hiele lytse hantsjes...
nl.verhalenbank.25170
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle kom altyd by myn beppe Antsje Snipel. It wie mem har mem. Mem wie in suster fan Thomas Clare. Frânse Hinke wie in tsjoenster.
As Hinke kom, sei heit tsjin mem: "Ik wol Frânse Hinke hjir net wer binnen doarren ha. Hja strykt de baerch oer de bealch hinne en dan giet er wer dea." Hwant hja hie by ús beppe ek al in baerch...
nl.verhalenbank.25172