Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: weren Place of Narration: Buitenpost
Skoanheit en dy hienen in baerch, dêr hie Harm by west. As dy by it fé west hie, mankearde der letter altyd hwat oan. Dy baerch fan skoanheit en dy hied er èk bitsjoend. Doe't dy baerch 't oare jiers slachte woarde, hied er in kleone jern yn 'e mage. Dat hie Harm dien. Skoanheit hie nòch in baerch. Dy woed er net bitsjoend ha. Doe hat er duveldrek ûnder...
nl.verhalenbank.24529
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
Japik Visser hat oan 'e Skieppedrifte wenne. Dêr ha wy ek wenne. Dêr by Japik hienen se altyd lêst fan spûkerij en fan tsjoenderij. Ien dy't bang wie dat er bitsjoend wurde soe, moest in bak mei brandewyn op 'e foarholle bibine, sei Japik. Letter moest men dy bak dan oer 't paed goaije. Japik die noait in rot dea. Hy hie in kleed yn 'e keamer spand....
nl.verhalenbank.20446
Yn Feanwâldsterwâl hienen se froeger rounom duveldrek ûnder 'e drompel om 'e tsjoensters to kearen. Se hienen ek duveldrek yn 'e trôch en yn 't waeifet foar 't fé.
nl.verhalenbank.38456
Om tsjoensters to kearen moest men in krús yn 'e drompel fan 'e achterdoar snije en dêr sâlt yn struije. Dêr kin in tsjoenster net oerhinne komme. In krús is heilich en sâlt is ek heilich. Men die ek wol duveldrek ûnder 'e drompel en men lei it ek wol ûnder it matsje.
nl.verhalenbank.24533
Se dienen froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel, om de tsjoenster to kearen.
nl.verhalenbank.30971
Wy wienen as bern machtich yn 'e hûs. In stik of hwat fan ús binne bitsjoend west. Der wienen krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând, mar guon fan 'e bern wienen al to fier hinne. Fjouwer binne deatsjoend. It wie it wurk fan Stammerige Harm. Der sieten yn 'e krânsen lapkes mei bloed, dy't de bern om in seare finger hawn hienen en der siet ek stoptried...
nl.verhalenbank.22971
De minsken dêr yn Ginnum hienen faek duveldrek ûnder it bêdsté. Om gjin lêst fan tsjoenderije to hawwen droegen se de himden faek omkeard.
nl.verhalenbank.32154
1