Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Gytsjerk rolle froeger op in bipaeld plak yn 'e nacht altyd in sek mei nuten oer de wei. Heit (de lettere master Wybenga) hat us in kear sitten to wachtsjen mei it mes iepen oan 'e kant fan 'e wei, om de sek mei nuten to naderjen. Mar doe wie dy sek der krekt net.
nl.verhalenbank.19725
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, oars kin men oan kant set wurde.
nl.verhalenbank.38462
Ik roan fan Strobos nei Dokkum ta, dêr't myn âlden wennen. Heit wie tige min.
Underweis wienen der hyltyd kaën boppe myn holle. Dan wienen se wer achter my, dan fleagen se wer oer my hinne.
As se dan foar my wienen, kearden se har om en seinen: "Kaah-kaah- "
Dan sei ik: "Te laat - "
Doe kom der ien njonken my to rinnen.
Dy frege: "Hwat bitsjut dit?"
Ik...
nl.verhalenbank.21290
Nachts mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris tsjin in lykkoets oanrinne.
nl.verhalenbank.29637
Der gong us ien út Eastemar de Langeastloane lâns. Doe seach er in pasgeboaren berntsje dwars oer de wei gean. It gong oer de dyk hinne en woarde wei. Letter seach er it nochris inkelde kearen. It wie in neaken berntsje. (forteld troch Jaring Veenstra via Meint Bottema ± 1908 by de famylje Wybenga)
nl.verhalenbank.20933
Us heit kom fan Rotfalle. Dêr wenne in man, fortelde er, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes yn 'e nacht.
Op in nacht hied er in man by him hawn. Doe hied er sein: "Mast hjir om tinke, as der aenst in lykstaesje komt, dan mast oan kant gean."
Doe't it sa fier wie, sei er: "Op side." Doe moest dy oare yn allegear drek en brabze stean gean. Hy...
nl.verhalenbank.26172
In mennich doarpen ha doe in namme krige. By Akkrom seagen se achterom yn 'e richting Aldeboarn, dêr't se wei kom wienen. Doe't se seagen hoe bochtich de Boarn woarn wie, suchten se: "Ah, krom!" En sa hyt dat doarp fan Akkrom.
In ein fierder krigen se lêst fan wargens. Om't de lea har sa warch wienen, neamden se dat plak: Warge lea, nou Wargea.
Fan...
nl.verhalenbank.19613
Yn Trynwâlden, by 't Gytsjerkster tsjerkhôf rattele alle dagen in ponge mei jild oer de wei.
Ek spûke der yn 'e Trynwâlden in hynder om.
Oer de Westerdyk by Ryptsjerk spoeke alle nachten in fôlle om.
nl.verhalenbank.19616
Heit en dy warskôgen ús altyd: "Tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei. Der kin ris in lykwein oankomme en dan wurde jim oan kant smiten."
nl.verhalenbank.36092