Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In frou, dy't wy wol kinne - sy is ek by 't Leger des heils - dy is èk mei de helm geboaren. Frou Wiersma is it. Sy hat fan tofoaren har eigen dochter fordrinken sjoen yn it wetter to Snits
nl.verhalenbank.28476
Yn Feankleaster wie us in brulloft. Tichteby wenne ien dy koe kaertlizze. Dy kom dêr de nachts om to kaertlizzen. Myn broer Eabe wie der ek. Dy wenne by de boer op Lytsewâld achter in feart.
Dy kaertlizter sei, Eabe soe forkearing ha mei in hiel swart frommes. Hy moest om by har to kommen, twa kear oer 't selde wetter hinne.
Eabe tocht der letter net wer...
nl.verhalenbank.19394
Us mem fortelde, by de Lemmer op 'e Súdersé, oan 'e kant fan Eastersé, oan 'e sédyk, wie in plak, dêr hearden de minsken út 'e sé wei in stim, dy't sei:
Blijf staan,
want ge kunt niet verder gaan.
nl.verhalenbank.33582
De bûlhûnen
'As wy hjir of dêr mei it skip foar de wâl lizzen gean woenen en der wie in plak dêr't it wetter in ynham yn 'e wâl slein hie, dat men net maklik fan 't skip komme koe, dan sei heit wol: Hjir moatte wy net wêze, hjir ha de bûlhûnen oan it wrotten west.
Yn sompich lân of yn driuwsompen kinne fan dy rûne gatten sitte. It hiet by ús, dat de...
nl.verhalenbank.13726
Oan 'e selde sédyk, èk út 'e sé wei, hienen se ek in stim heard, dy't sei:
De tijd is der wel
Maar de man is der niet.
Dêr is doe ien fordronken. 't Wie deselde stim as de earste.
nl.verhalenbank.33583
De Man en syn basis
'Och, dy Langesleatter man. Allinne de Langesleat, dêr op nei Earnewâld. En dy sydsleatten dy't allegear op Warten útkamen. Beppe sei, dan wie er op 'e iene ein fan 'e Langesleat en dan op 'e oare ein. Se koenen eins noait sizze, dat spoek slacht op dy kant om—no wie er op 'e iene kant en dan op 'e oare kant. Hy koe ek sa mar oer 't...
nl.verhalenbank.13653
De fersonken stêd Warten
En spoarleas gyng it nei de grûn
Mei minske, hûs en toer;
En neat fan alles is der bleaun,
Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun;
No streamt er't wetter oer.
Sikke Koldyk
'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
In pleats wurdt omdraaid of ferset
'Wat de Langesleatter man net be-avenseare koe, dat kaam net sa krekt. Sa rûn er faak om in boerepleats hinne en dan stie dy op in stuit oarsom, of hy stie oan 'e oare kant fan't wetter. Dat is ris bard mei de hurde wyn, op in rûzige nacht. In pleats dy't oars mei 't gat nei Warten stie stie de oare moarns krekt oarsom....
nl.verhalenbank.13683
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje.
Dêr doogde it net, seinen se.
Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se.
Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
De fersonken stêd Warten
'De stêd Warten dy't fergongen wie, haw ik wol ris wat oer heard. Der hat foarhinne in grut wetter by Warten lein en der waard allinne sein, dat Warten by âlds folle grutter west hat, in stêd, en dat dy yn dy mar fersonken wie.
Oft it no it Wartenster Wiid wie of net, mar der waard by ús ferteld, dat der by Warten noch in plak wie...
nl.verhalenbank.13720
De swijende figuer
'Myn pake, ek in Durk Heddema, hat as jongkeardel arbeide op it Heechhiem, in pleats oan 't wetter, ik mien tusken Wergea en Warten. Hy kaam fan Burgum en op in kear wie er ûnderweis nei hûs, dat wie oan 'e oare kant Warten, op nei Garyp. En doe kaam him dêr in figuer op 'e side. De ferskining rûn njonken myn pake, mar sei neat....
nl.verhalenbank.13682
De smid en de skat by Earnewâld
'Troch heit en omme Freark waard gauris oer dy smid praat. De smid fan Earnewâld is ferflokt, omdat er by syn libben in goddelike skat út in kleaster stellen hat. Hy hat dy bedobbe oan 'e kant fan in feart dêr't op dat stuit de iene foet fan in reinbôge stie. Hy is no noch altyd op in paad om dy skat werom te finen, mar de...
nl.verhalenbank.13657
Heit en seun
Om túelve, trettienhúnderd hanne, hiene de monniken fan Klaarkamp op it eilaun in úthaf. Der wie bieurkeree1 by en der wene dan aik in bieur.
Op in keer reizige dy bieur mooi in beest nooi de fastewaal—dat kúe da nach ronende, op blaite fotten—om it dier to fekaipjen. Hy wie op 'e wieromreis en da seich2 er, dat it hele bieurespil yn 'e braun...
nl.verhalenbank.12987
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear
'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten.
Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
Neaken berntsje hâldt it swurd fêst
'It binne allegear fan itselde soarte ferhalen. As men se neigiet, komme se op itselde del. Se geane ocr skippers dy't dêr en dêr lâns farre. De iene seit fan op 'e Langemear en de oare neamt wer in oer wetter. Dan is der in neaken berntsje en dat sit no ris by de iene skipper op 't roer en dan by de oare. Dat berntsje...
nl.verhalenbank.13722
Wat súesto?
Der wie in man—Hero hiete der—dy't faak de lyken da't oonspeeld wiene bereufde. Da wie der ien op it eilaun, dy't sei: 'Dat sil ik him ooflere'. Hy ging op in jaune oon 'e liechwatterskaunt lizzen. Stiif. Mooi de eermen útstrekt, krekt as in drinkeling. Da koom dy fmt wier1 en dy begon him de búzen nooi to sikjen. Mar ynienen tilde it Iyk syn...
nl.verhalenbank.12986
De turfgraver en it reidmantsje
Yn 'e sompen om Earnewâld hinne libben ek reidmantsjes. Doe't de turfmakkers hyltyd mear fean útbaggelen, moasten se al mar fierder tobek de wyldlannen yn. Sadwaende hawwe de reidmantsjes in like greate hekel oan 'e turfgravers as oan 'e reidsnijers en bisykje se altyd om har it libben sûr to meitsjen. Tusken de feangatten...
nl.verhalenbank.128336
It spoek as berneskrik
'As wy dêr yn 'e buert leinen mei it skip en wy woenen as bern jûns de dyk noch op, dan waard der faak sein: Tink der om, thús wêze foardat it skimerich wurdt, want oars komme jim de smid fan Earnewâld tsjin' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13713
Blaujakje
It Spoekersset dat is it ferhaal fan dy man dy't foar de twadde kear troude. Sjoch, dat wiif mei it blauwe jak, dat spoeket dêr altyd om, fan 'e Tútse ôf oan Grou ta. Dat komt, sy hat dat bern fermoarde.
De man sil wol in fisker west ha, want dêr wie altyd in fiskerij; dat Spoekersset wie by âlds in tichtset. Dat wie sa op 'e Tútse, letter is...
nl.verhalenbank.12168
Twa reuzen groeven in feart. Dy woarde krûm. 'Kromme Knjillis' wurdt er neamd. De reuzen seagen achterom.
"A, krom", sei de iene. Dat hearden guon. Doe ha se 't plak neamd, dêr't 'Kromme Knjillis' útkomt, Akkrum.
nl.verhalenbank.28619