Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der sit in monster yn 't wetter. Dêrom mat men by 't donker noait to ticht by 't wetter lâns. Hwant dat lûkt. Dan kin men samar fordrinke.
nl.verhalenbank.26846
Beppe werkte in bult yn 't werkhûs yn Grinzer Pein.
Hja hie fan tofoaren al in pear kear sjoen dat der ien nei 't wetter ta gong. Dat wie in djip baggelgat. De gedaente dy't dêr hinne gong wie ljocht yn 'e klean.
Op in kear kom beppe wer by 't werkhûs, doe wie dêr in man fuort. Hy wie net to finen. Hy wie yn 'e ûnderklean fuort gong, hwant de boppeklean...
nl.verhalenbank.25223
As de bern by 't wetter kommen, woarden we warskôge: pas op, de snoeken pakke dy.
nl.verhalenbank.36058
Op in kear, yn 'e hjerst hie 't lange tiid oanien reind.
"Hwat is 't wetter heech, net?" seinen se tsjin Jan.
"Och," sei Jan, "jimme ha noch noait heech wetter sjoen."
Wy kommen op in kear mei de Feanster boat út Ljouwert wei en doe wienen wy de Burgumermar oer fearn en setten koers nei 't Knjillisdjip. Mar doe stie dêr alles blank. 't Wie ien greate...
nl.verhalenbank.28729
Myn skoanheit, Wibe Alma, is yndertiid fan 'e wei ôf opnom woarn en oer de feart smiten. Doe kom er út 'e kroech. Doe hie er it raer opsein. Der binne wol mear yn 'e Harkema, dy't smiten woarn binne. Sytse Jager ûnder mear èk.
nl.verhalenbank.27246
Imke de Jong wie op Feanster merke. Mar tagelyk wie er ek yn Ljouwert as soldaet. Hy wie op mear as ien plak tagelyk.
As se him opsluten, dat joech neat. Hy wie der samar wer út, hy koe alle slotten baes.
Op in kear, doe sochten de plysjes om him. Doe kuijere Imke, moai forklaeid oer de wei. Der kom in wein mei plysjes oan, dy't om him út wienen. Hy frege...
nl.verhalenbank.27047
As jy tochten dat in bern bitsjoend wie, moesten jy alles ticht dwaen en in panne mei nuddels yn wetter siede. Dan komt de tsjoenster foar de glêzen.
nl.verhalenbank.24419
Jan Hepkes koe ek alderduvelste hurd ride neffens syn eigen sizzen. Op in kear doe hied er oer iis nei Ljouwert ta west. Hy kom werom en ried de mar oer. Doe hie der in man foar him op west.
"Ik tochte," sei Jan, "dy rydt in knappe streek."
De wyn wie oast en dêr moest er yn op boarje.
Jan tocht: ik set der in poun mear op. En doe streke er dy oare...
nl.verhalenbank.28757
De frou fan Aelsen Hollander hiet fan Tsjutsje. Dy wie siik. Bontsje, de frou fan Jits de Vries kaem faek by har to kofjedrinken. Bontsje wie in tsjoenster, it lei dus foar de hân dat dat minske Tsjutsje bitsjoend hie.
Hja gongen nei Frânse Hinke ta, de duvelbanster fan 'e Rottefalle.
"Hwa komt faek by jimmes?" frege Hinke.
"In âld minske, Jitse Bontsje",...
nl.verhalenbank.37528
Jan wie koopman. Hwat der mar forkocht wurde koe, dêr handele hy yn, 't koe neat skille hwat. Hy forkocht ek wol ytierappels en woartels en sipels ensa. Dy kommen dan mei de boat oan en hy sutele se wer út.
Op in kear, doe kom er by de streek lâns mei woartels.
"'k Ha woartels to keap", sei er. "Mar ik ha de hevichste rúzje mei dokter. Dokter hat tsjin my...
nl.verhalenbank.28731
Jan Hepkes fan Surhústerfean handele yn fellen. Der hat noait ien west yn 'e wide omkriten dy't sa fortelle koe as Jan. Hy sei altyd: Ik liich net. Dy't my op in leugen bitraepje kin kriget tûzen goune fan my. Mar ik meitsje de dingen hwat moaijer. It aerdet hwat nei, matte jo tinke. Myn pake wie blauferver en ik kleurje it ek hwat op.
Soks sit yn 't...
nl.verhalenbank.28726
By uzes wie in poel, dêr seinen se fan - doe't ik in bern wie, dêr soe in fanke yn fordrinke mei in grize mûtse op. Ik droech yn dy tiid in grize mûtse. Mem hat him doe fuort opbrând omdat se bang wie, dat ik dêr yn fordrinke soe.
nl.verhalenbank.27574
Jan Hepkes hie altyd in bont keallefestje oan.
Feitse Brants leefde even earder as Jan Hepkes. Feitse koe 't noch fremder sizze.
Op in kear gong Feitse Brants de feartswâl del, dat is bûten de haven nei Readskuorre op. Hy wie to foet.
Doe kom dêr samar ynienen in simmertwirre oan.
"Ik liet my foaroer falle", sei Feitse en ik pakte in pôlle gjers beet. En...
nl.verhalenbank.28864
To Gerkeskleaster op 't fallaet hearden guon alris sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Doe is der ien oanriden kom op redens en dy is yn in wek riden en fordronken.
nl.verhalenbank.27571