Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze?
Hja wie der op út to tsjoenen.
Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west.
De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't...
nl.verhalenbank.28664
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
Oan 'e betonwei yn 'e Harkema ha jy it âld tsjerkhôf. It earme-tsjerkhôf wurdt it neamd. Dêr wurdt al lang net mear bigroeven. Foar 't tsjerkhôf oer stie froeger in pleatske.
Dêr hat Taeke v.d. Veen op wenne. Soms koenen se dêr net mei de wein troch de hekken komme. Se waerden dêr dan samar weismiten yn 'e tsjerkhôfsleat. Dat gebeurde dan yn 'e nacht. Dat...
nl.verhalenbank.29341
By dyselde greate beam is Alle Wagenaar oer de wei smiten woarn. (Alle Wagenaar wie in bernsbern fan 'e beruchte tsjoenster Alle Tet en in swager fan my)
Syn fyts lei yn 'e sleat.
Ik kom gewoan mei 't bakje achter op 'e fyts fan 't wurk, sei er. 't Wie al moai let op 'e joun. Mar foar in lykstaesje wie 't noch to ier.
nl.verhalenbank.15889
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter:
"De tijd is er, maar de man is der nog niet."
Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
As bern ticht by de sleat kommen, seinen se yn 'e Smoarhoeke: "De kikkerts pakke dy!" of "De wettermantsjes pakke dy!"
nl.verhalenbank.28667
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne.
Wopke frege of pake wol hurd rinne koe.
"Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan."
Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
Yn 'e Grinzer Pein hienen jy de Jan-Ljibbes poel. Dy wie sa djip, dat sy koenen dêr gjin groun krije. Der siet ek noch in draeikolk yn. Fiskje koenen se dêr net fanwege de djipte. En net ien dy't dêr swemme doarst.
nl.verhalenbank.25790
Guon matte ris heard ha, dat der yn 'e Liuwepoel ris in kear roppen woarde: Help! Help! 't Hie in manljuslûd west.
Men wol ha dat dêr nochris ien yn forsûpe mat.
nl.verhalenbank.32986
Fan in jonge dy't noait bang wie.
Der wenne ergens in boer, dy hie in lytsfeint en in greatfeint. Dy lytsfeint stie foar neat, hy wie nergens bang foar. De greatfeint en de boer koenen har dat net bigripe. Hja sprutsen togearre ôf, de greatfeint soe in wyt lekken omdwaen en by jountiid op in bartsje stean gean. De lytsfeint woarde der op útstjûrd om in...
nl.verhalenbank.20825
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke stie ris in kear bûten by 't jongfolk to praten. 't Wie op in joun. Doe sei Sytse: "k Mat even út 'e broek." Hy wie achter de dyk sitten gong. Doe woarde er twakear achter elkoar oer de dyk hinne smiten.
Mear dea as libben wied er thúskom. Doe't er thús west hie, wie 't krekt dat alles fan boven kom. 't Hiele hûs hie dreund.
nl.verhalenbank.28504
De duvel hat hjir yn Fryslân ergens al us oer de feart sprong en doe is de print fan syn hynstepoat achterbleaun. Dat mat noch to sjen wêze.
nl.verhalenbank.23928
Op it Langpaed (fan Harkema nei Surhuzum) woarde Jehannes Laanstra mei fyts en al oer de sleat set.
It Langpaed wie fan âlds in lykpaed. De lju woenen wol ha dat der doe in lykstaesje west hie.
nl.verhalenbank.23914
In feint út 'e Harkema hie nei de faem ta west yn 'e Koaten. Op 'e Tille woarde er fan in ûnbikende yn 'e dobbe set. De oare moarns dreau de pet der noch yn.
nl.verhalenbank.21256
Tsjin 'e bern seinen wy: Net by de poel komme, hwant dan pakt de healkoe jimme.
nl.verhalenbank.15871
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen.
Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet.
Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Yn it Swartfliet (in poel, tichte by de Reitsmawei yn Harkema) ha se us in gejammer heard: Help! Help!
De hiting wie, dêr moest ien yn dy poel forsûpe mei read hier.
In jier of sawn lyn is der in jongeman yn fordronken dy't dêr oan 't poatsjebaeijen wie. Claus hiet er.
nl.verhalenbank.19520
Ik ha 't ris bileefd, doe wie 'k tichte by in dobbe by de Fjouwer Wringen. Midden yn dy dobbe wie in djippe put groeven. Dêr kaem in man oanrinnen, dy roan lyk op 'e dobbe ta en forsonk yn 'e put.
It wetter buorrele. De man kaem der wer út en roan fierder de Lange Loane út.
nl.verhalenbank.17524
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk.
In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323