Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner.
It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer.
"Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it.
"Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
Yn 'e Boelensloane oan 'e hoofdwei, dêr't nou R. Veenstra wennet is in poel, dy wie froeger wol fjouwer kearen sa great. Ien hat sjoen dat dêr in famke yn forsûpe soe mei in reade trui oan en in blau rokje. Dyselde hat it bern 'help!' roppen heard. Mar der is noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.28314
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Der wie in faem, dy wie o sa moedich. Hja tsjinne by in boer en boerinne. Dy wienen us fuort togearre. Doe bleau dy faem allinne thús. Dy moest op it hûs passe. Doe kommen dêr dy nachts rovers. Der siet in gleske yn 'e doar. Ien fan 'e rovers die dat iepen en stuts syn holle der troch. De faem houde mei in swurd de kop der ôf en sette dy kop op 'e tafel....
nl.verhalenbank.19309
Yn 'e Blaudobbe ha se ris it lûd fan in razend berntsje heard. Dêr sil nochris ien yn fordrinke.
nl.verhalenbank.24908
It wie op in saterdeijoun, by de Doezumer Tocht (in wetter). Heit (Thomas Bruining) en dy soenen to praten. Doe hearden se ynienen in stim út it wetter: "De tijd is der al, de man is der niet." Trije kear achter elkoar hearden se dat en it klonk hiel helder. Heit en dy tochten har binaud. Doe kom der in man oanfleanen yn in seas mei in hynder der foar. Dy...
nl.verhalenbank.17643
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom."
Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde."
Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
Frânse Hinke wie duvelbanner. Sy wie de opperste fan 'e tsjoensters. Sy sei: "Jimme matte in pakje spjelden goed yn wetter siede litte. De pine, dy't de tsjoenster it bern oandien hat, sil se dan sels ûndergean. Sy sit dan to razen en to kjirmjen."
Heit en mem ha de ried opfolge. Dy't se net fortrouden ha se net yn 'e hûs litten. Ik wie mei in wike wer...
nl.verhalenbank.24448
Der wie in man dy kom der oanriden mei in hynder en wein. 't Wie by in brede feart. Doe klonk der in stim út dy feart: "De tijd is er wel, maar de man is der niet."
Doe is dy man fuort dêrnei yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.17727
Starum is in forsonken stêd. As it wetter leech is en helder kin men de strjitten fan 'e stêd noch sjen.
nl.verhalenbank.17042
Wienen de bern tichte by 't wetter, dan seinen de minsken: "Tink der om, aenst lûke de kikkerts dy der yn!"
Kommen se yn 'e hjouwer of de rogge, dan seinen se: "Aenst pakt Antsje Pluk dy!"
Wienen se jouns let bûten en woenen se net op bêd, dan woarde der sein: "Aenst pakke de nachtdieven dy!"
nl.verhalenbank.28161
Yn 'e Popkepoel is 't sizzen, sil noch us in bern yn fordrinke. Guon minsken ha 't bern razen heard.
nl.verhalenbank.21408
Jehannes Wyts koe har foroarje yn in wite kat. Ritske, myn broer, hat us in wite kat om 'e dobbe hinne rinnen sjoen. Ut dy dobbe helle Jehannes Wyts it wetter. Op in joun kom Ritske thús fan 't stropen.
Doe siet dy wite kat dêr by de dobbe.
Ritske hie syn hountsje losmakke en sei: "Pak dy kat!"
Mar 't hountsje doarst net nei de kat ta. Hy wie deabinaud....
nl.verhalenbank.25297
Ritske en Aeltsje wennen oan 'e Houtigehaechsterwyk. Sy hienen in jonkje, dat wie lytse Germ. Dat jonkje rekke bitsjoend. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dy sei: "Jimme matte it kessen iepensnije, dêr't it bern op leit. En dat matte jim goed neisjen. As dêr trije krânsen yn sitte en dy binne alle trije klear, dan is 't bern net mear to rêdden.
Binne...
nl.verhalenbank.27268
De Popkepoel en de Blaudobbe matte ôfgryslike djip wêze, nei 't se sizze.
nl.verhalenbank.21427
Us heit Piter wie noch mar even troud. Op in kear sei ús mem: "Sille wy even nei myn folk ta?" "Bêst", sei heit.
Doe't se wer op hûs ta roannen, gongen se oer in sânreed. Heit sei ynienen tsjin mem: "Pas op, gean hwat oer side. 't Is hjir allegear wetter."
"Ei né," sei mem, "der is gjin wetter."
"Doe," sa fortelde heit letter, "stie 'k foar twa keardels,...
nl.verhalenbank.21209
Under it Raelter kanael troch by Deventer rint in ûnderierdske gong, dy bigjint by Deventer.
nl.verhalenbank.17035
Wy sieten us in kear op 'e Langewyk mei in keppeltsje Harkema's yn 'e kroech. It wienen rûge mannen. Sy seinen tsjin my: "Dû giest mei." Sy nommen my mei de kant nei de Harkema út en ik forsette my net.
Wibe Alma wie der ek by. Dy woarde samar opnom en yn 'e wyk smiten. Wibe krûpte der wer út en sei: "Hwa duvel hat my dat lapt?"
Wer in lyts eintsje...
nl.verhalenbank.25509
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema hat men de Liuwe-poel. Dêr ha wy flakby wenne yn in hiel lyts húske. Guon ha dêr no út dy poel hiel dúdlik "Help, help!" roppen heard. De minsken wolle ha dat dat foartsjirmerije wie. Mem warskôge ús as bern altyd: "Kom net to ticht by de poel, hwant dêr mat noch ien fordrinke."
nl.verhalenbank.17593