Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út.
Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Hjir yn Stiensgea hat in famyljelid fan him wenne. Dy wie by de boer yn 't wurk. Hy hiet ek fan Hearke. Dy wie ek wol sà sterk. Se laedden in kear hea op 'e wein. Doe sei de boer tsjin him: "Jo stekke àl hwat dikke stikken op. Tink om 'e sydljedder. Dy mat it hâlde, ik wol 't spul net stikken ha."
"Ik sil der om tinke", sei Hearke. Mar doe wie 't al to...
nl.verhalenbank.27636
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster.
Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster. Hearke koe net bêst mei hynders omgean. As der dong laden wurde moest wie dat Hearke syn wurk altyd, in oaren ried. Op in kear hied er krekt wer in wein laden, doe koene de hynders gjin skrep krije. Sy koenen de dong net lûke. Doe sei Hearke tsjin deselde dy't ried: "Och, doch de hynders der even foar wei." Doe...
nl.verhalenbank.23864
Hearke kom us thús mei in pear foer hea. 't Ald hynder koe 't hea net yn 'e skuorre krije, hwant it gong hwat omheech.
"Kom," sei Hearke, "wy slagge it âld-hynder der foar wei."
Twa arbeiders soenen Hearke helpe om de wein yn 'e skuorre to krijen. Mar dy beide arbeiders seinen: "Wy hingje." En dat dienen se ek, ynpleats fan mei to helpen. Hearke krige it...
nl.verhalenbank.21860
Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Dêr wienen se op in kear oan 't dongriden. Der stie in wein folladen yn 't skerngat, mar de hynders koenen de wein dêr net wei krije.
Dêr kaem Hearke oan.
"Kinne de hynders it net dwaen?" frege er.
"Né", seinen se.
"Gean dan mar wei", sei er. Hy spande de hynders út, krige it tiksel beet en loek de...
nl.verhalenbank.37108
Sterke Hearke wie bysûnder sterk. Hy hie in âld hynder, as dat it wurk net dwaen koe die er it sels. As it hynder de wein mei dong net út it skerngat lûke koe, luts hy it der sels út.
nl.verhalenbank.27655
Sterke Hearke wie oan 't dongladen yn Bouwekleaster op 'e plaets. 't Wie itenstiid, mar de boer hie net sein: "Mannen, ophâlde, earst ite." Hearke laedde de wein fol stront yn 't skerngat. It wie sa'n fracht, dat net ien koe him der wei krije. Dêr wie 't Hearke om bigoun. Hy gong nei hûs ta. Hy tocht: se matte dochs op my wachtsje.
En sa wie 't ek. Doe't...
nl.verhalenbank.36796
De trein fan Ljouwert nei Grins wie der noch net, doe sei in man: "Ik ha dêr hwat fleanen sjoen troch 't Noarden. Tolve, trettsjen weinen achter elkoar oan, sûnder hynder en dat gong pof - pof - pof - pof."
Letter kom de trein dêr lâns.
nl.verhalenbank.23855
Hearke dy luts samar in folladene wein mei dong ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.37403