Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Drachtster Kompenije wennen twa âlde minsken, dy frou hie faek lêst fan in nachtmerje. Sy hienen in drompel, dy wie hwat forsakke. Dêr kom de nachtmerje mei de kop ûnder 'e doar troch. Op in nacht stie de âld man mei de kneppel ré. Hy tocht: nou sil 'k dy leare myn wiif to pleagjen.
Doe't de kop fan 'e nachtmerje to foarskyn kom, sloech er ta. 't Wie...
nl.verhalenbank.24117
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou.
Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns.
Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om.
Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Soks mat hjir ekris yn de Pein foarfallen wêze. Doe wie der ien yn in wyt lekken, dy't in oaren ien bang meitsje woe. Doe't dy oare der oan kom wied er stean bleaun en hie sein: "Ik bin net bang foar dy iene wite, mar foar dy swarte, dy't der achter stiet." Doe wie dyselde mei 't wite lekken om 'e kop hiel hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.27335
As jo fyk oan 'e finger ha, dan matte jo de finger yn in levende podde triuwe, krekt sa lang oant de podde dea is. Dan is de sykte oer. In kikkert kin ek. Yn trije dagen is men de fyk kwyt. Men kin de finger ek yn eigen ûntlesting dwaen. Dat die hjir in boerefrou altyd. Dan gong it ek oer.
nl.verhalenbank.27882
Jan Hepkes fortelde, op in kear wie er nei Ljouwert ta fytst. It lêste ein sliepende. De brêge wie ôf. Dêr stienen in stik of hwat minsken foar to wachtsjen. Doe fytste Jan tsjin ien fan dy minsken oan. Dy ried er ûnderstoboven.
"Hoe ha jo dit sa hawn?" frege dy man.
"Ik hie my krekt efkes deljown", sei Jan Hepkes.
nl.verhalenbank.31922
Ek wie der us in ploechje jongfolk, dy koenen net yn 't hôf komme. Sy woenen by har ta de apels, mar sy seagen dat Rikele en Myt noch net op bêd leinen.
Doe wachten se. Se woenen sa lang wachtsje oant de âlde minsken op bêd lizze soenen. Sy seagen dat Rikele en Myt har útklaeiden en risselwaesje makken om op bêd.
Mar elke kear as 't wêze soe en sy soenen...
nl.verhalenbank.26915