Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Kloosterburen wie in keppeltsje folk by de boer oan 't wurk. 't Wie snein en it reinde. Auke Pultrum en Boardzer Bruining fan Boelensloane wienen der ek by.
Boardzer sei: "Wy forfele ús. Sil ik jim de kaert lizze?"
Doe helle der in spul kaerten foar den dach.
"Lûk dêr mar guon út", sei er.
"Heden," sei er doe, "ik ha iderkear in swart mantsje mei in...
nl.verhalenbank.25219
Ik hie fochten. 'k Hie ien in wân op 'e hûd jown.
Doe krige ik in jier gefangenisstraf.
'k Sei: "'k Wol us nei Hinke Kaert ta. Dy wenne op Nijebrêge."
Doe't ik der oan ta wie, kom der krekt in âld-mantsje wei. 't Wie in skipper. Hy lei dêr mei 't skip.
"Sy hat my wiis makke, ik krige in nij skip, yn 't koart", sei er. "Hwat tinkt jo dêrfan?"
Ik sei neat....
nl.verhalenbank.25445
Tryn Snipel wie yn 't kaertlizzen neat minder mânsk.
Mar dêr gongen altyd pearkes hinne en dan makke hja der in grapke fan.
Doe't ik by Hinke Kaert west hie gong 'k nei Tryn Snipel ta. Dy lei my de kaert krekt sa út. Mar sy sei derby: "Dû wyst ommers alles al."
nl.verhalenbank.25446
Lytse Kjille wie kaertlizter. Sy hat yn Drachten wenne yn 'e Hounestege en op 'e Bopperein. Letter wenne se op 'e Gerdyk. Hwat Kjille sei kom wol aerdich nei.
Twa maten gongen us nei har ta. Dat wienen Waetse de Jong en Hindrik de Jong.
Hja sei tsjin Hindrik: "Jo wurde noait hwat yn 'e wereld." Dat is ek útkom, hy hat it noait fierder as arbeider brocht....
nl.verhalenbank.24826
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes.
De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet...
nl.verhalenbank.22878
Yn Grins (Helperwestsingel 44) wenne in wiersizter. Dy hat harsels forbrând.
Om 'e sawn jier mat in wiersizter ien dea meitsje, oars giet se der sels oan of sy meitsje har sels fan kant. (zelfmoord)
Dat hûs is noch stees ûnbiwenne. Der sitte planken foar de finsters
nl.verhalenbank.22925
Ien fan myn soannen hat in healjier lyn nei har ta west.
"Gehuwd?" frege se.
"Ja", sei er.
"'k Sjoch ien bern," sei se, "mar 't is krekt as ha jo mear hawn. Sitte der elders ek bern?"
Hy sei: "Ja, yn Ljouwert. Ik ha earder troud west."
"Binne dy bern by de mem?"
"Ja", sei er.
"Binnen trije wiken kinne jo út jou ramen brân sjen, tichte by jo."
Binnen trije...
nl.verhalenbank.22879
Ik wie mei Bareld de Meer nei Snits ta to monsterjen. Mei de strikel yn 'e binnenbûse, om to ûngetiidzjen. Mar wy krigen beide gjin wurk. Bareld sei: "Sille wy even nei Lytse Kjille ta op 'e Gerdyk? Dat wie in wiersizter.
Wy der hinne.
Kjille sei tsjin my: "Binne jo troud?"
"Ja", sei 'k.
"Krij dan mar safolle kaerten", sei se. Hja hie de kaerten út it...
nl.verhalenbank.22875
Ik ha der ek us west mei Anne Pultrum. Doe sei se: "De iene fan jim sil noch fiif bern ha en de oare sil noch ien bern ha." Doe't ik it thús fortelde, sei myn wiif: "Ik hoopje net dat ik dy fan fiif bin". (Hwant wy hienen al seis.) Anne Pultrum hie mar twa.
Mar 't kom wol sa út: Anne krige letter noch ien en wy noch fiif.
nl.verhalenbank.22877
Op in kear haw ik wer us nei Kjille west. Doe sei se: "Der sil yn 't koart in erfdiel wêze. Mar jou broer krijt mear as jo", sei se. Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.22876
By Durke Pyt - dy wenne op 'e Uleflucht to Drachten - kom us in jonge, dy makke in spegel roetswart.
Hy frege of der ien wie, dy't graech ien sjen woe dy't dea wie. Pyt sei, sy woe graech har heit noch us sjen. De jonge bigong to mineuveljen en to roppen.
Der kom in gedaente foar. 't Wie Pyt har heit, sprekend gelyk sa't hy dêr 't lêst útsjoen hie mei...
nl.verhalenbank.22873
Thomas Clare wie kaertlizter.
Ik en noch in faem hawwe us in kear by har west. Dy faem hie al in pear bern oerwoun. Hiltsje Veenstra hiet se.
Clare skodde de kaerten en sy naem der ien út en sei: "Dit achtsje ik net, dat forwachtsje ik net. Mar famke, dû leist mei dyn njoggen maendtsjes yn 'e skoat." Hiltsje sei: "Och stumper, dat komt my net oer, dan...
nl.verhalenbank.24687