Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Frâns wenne yn Surhuzum. Hy wie frijgesel en in dikke sûplap. Syn mem gong altyd bot tsjin dat sûpen yn. Hja warskôge him geregeld en sei: "Dit kin dy noch wol ris raer ôfgean."
Mar hy spotte mei har wurden en hy flokte der grouwelich by. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er.
Op in snein-to-joun kom er wer thús. Hy wie smoardronken. "Hast nou al wer...
nl.verhalenbank.26216
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
nl.verhalenbank.30962
Sjoerde Ael wie ek in tsjoenster. Wy mochten as bern abslút neat fan har oannimme, dat hie mem ús goed ynpepere.
Sjoerde Ael en Stammerige Harm koenen beide troch de loft sweve. Sy koenen har ek yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.20021
As men op in slangekoaning trapet of men docht it beest hwat, dan bigjint er to fluitsjen. En dan komme alle slangen der oan en dy falle jin oan. Dan mat men hurd meitsje, dat men fuortkomt.
nl.verhalenbank.22965
In minske mat nachts net midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin 't gebeure dat er foar by in lykwein oprint en der achter by delfalt, en dan kin er in rare smeet meitsje.
nl.verhalenbank.22970
Trapet men op in pod, dan kaem der tonger, waerd der froeger altyd sein, en as men in slak deamakke, ek. Mar dat wie bernepraet.
nl.verhalenbank.30967