Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Da was vroeger altijd: "As ge niet goed oppast, dan roep ik 't ijzeren
veulen".
nl.verhalenbank.126583
Us heit wie siik en ik wie noch in famke. Doe soe 'k nei heit syn bêd ta; 'k woe ris sjen hoe't it mei him wie. Doe sei heit tsjin my: "Dû mast dêr bliuwe, fanke, hwant der sit in dik, brún hynder foar 't bêd. Dat is in nachtmerje." Ik seach neat.
nl.verhalenbank.29618
Men mat by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant se kinne jin twinge oan kant to gean. En dat is net sa noflik.
nl.verhalenbank.29619
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!"
Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn.
Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan."
Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite.
nl.verhalenbank.29751
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
As eksters skatterje yn 'e beam komt der in bigraffenis.
As ien ekster flak by de doar komt krijt men bisite.
Spûkgûlt der in houn, dan komt der mei gauwens in deade.
nl.verhalenbank.36467
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels.
Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta.
Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
Us mem krige in pop. Hja krige de molke fan Wigers Wyts. Dy molke krige de pop. Op in kear hie se wer molke helle en even letter soe se dêr guon fan oan 'e pop jaen. Mar doe wie 't gjin molke mear, 't wie in tsyske.
Alde Lolk wie by ús mem. Mem liet it Lolk sjen.
"Dit soe de pop ha", sei se.
Doe sei Lolk: "Dû mast noait wer molke fan Wigers Wyts ha, hwant...
nl.verhalenbank.29752
As in geit blettere kom der reinwetter.
nl.verhalenbank.36316
By uzes thús hienen wy altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ien dy't dêr net oerhinne komme koe, wie in tsjoenster.
Fan in tsjoenster moest men neat oannimme. Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan wie de kâns great, dat men bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.29554
Wy hienen froeger by ús yn 'e hûs twa hounen. Mar dat wie ien tofolle. Wy hienen 't och sa earmoedich, heit wie gebrekkich en wy koenen 't net bitelje om twa hounen fretten to jaen. Spits hiet de iene houn.
Heit sei: "Ik sil Spits forsûpe."
Mem sei: "Wybren, ik warskôgje dy, datstû dy houn forsûpste. Dû kinst him wol yn 't wetter dwaen, mar hy giet net...
nl.verhalenbank.36298
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Trapet der ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36267
Ik ha wolris heard fan minsken dy't soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte koenen. As minsken ús froeger bang meitsje woenen, seinen se wol: "Tink der om hear, oars lit ik soldaetsjes út 'e hurddobbe komme!"
nl.verhalenbank.25964
Nachts mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris tsjin in lykkoets oanrinne.
nl.verhalenbank.29637
Us mem sei altyd: tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinst in stomp fan in lykstaesje krije.
nl.verhalenbank.30366
Traepje net op in pod, oars bigjint it to tongerjen!
nl.verhalenbank.36339
Gelooft (geloofde) men in elfen, witte vrouwen (witte wieven, witte juffers, enz.) en dergelijke geesten? Wat vertelt (vertelde) men van hen? Kent u ook moderne bewegingen (sjamanen/wicca's, moderne hekserij) die in elfen geloven? Spreken ze met hen of geven ze boodschappen door?
Witte wieven of widde juffers waren ook hier bekend, over het algemeen...
nl.verhalenbank.45499