Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
456 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: waarschuwing
Hjir yn 'e Westerein wie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie de duvelbanner. It bern hie krânsen yn 't kessen en dêr sieten allegear triedden en lapkes yn dy krânsen bifrissele, dy wienen út 'e klean dy't dêr yn dat hûs troch de húsgenoaten fan dat bern droegen woarden. Wopke joech in drankje en sei: "Tink der...
nl.verhalenbank.29962
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!" Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn. Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan." Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
Se seinen froeger algemien: noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin ris in lykstaesje oankomme dy't men net sjocht. Dan wurde jo samar oan kant reage.
nl.verhalenbank.27998
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite.
nl.verhalenbank.29751
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide. As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Mei de kweade mat men oppasse. Hindrik Holthuis hjir fan 'e Harkema hat der in stive skonk fan oerhâlden, nei 't de kweade him topakken hawn hie. Jan Hinses Benedictus fan Eastemar ek. Dy wie dêr winkelman.
nl.verhalenbank.15527
Hjir njonken ha lju wenne, dy hienen in famke, dat wie siik. Achter har wenne in âld minske, dat wie in tsjoenster. Doe hat ús heit foar dy lju nei Kûkherne ta west. Wopke sei: "Ast nou aenst in ein fuort biste, en de drank barst yn 'e bûse, dan is it bern bitsjoend." Heit hie al in ein ûnderweis west, doe woarde him de bûse wiet. Hy taestte, it fleske...
nl.verhalenbank.23903
Men mat noait op in pod traepje, oars komt der tonger.
nl.verhalenbank.31320
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.33523
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken. Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik...
nl.verhalenbank.24711
As eksters skatterje yn 'e beam komt der in bigraffenis. As ien ekster flak by de doar komt krijt men bisite. Spûkgûlt der in houn, dan komt der mei gauwens in deade.
nl.verhalenbank.36467
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Kommen de bern by 't wetter, dan waerd der sein: Net to ticht by 't wetter komme, oars pakke de fisken jim.
nl.verhalenbank.31108
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette. En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Een geval van auto-suggestie met gehoors-hallucinatie vernam ik van collega Parree. De [hiervoor reeds] aangehaalde persoon vertelde hem, dat hij 's nachts een waarschuwing had ontvangen om geen medicijnen meer te gebruiken. Aangezien ik den man kende, verzocht ik hem eens een nader onderzoek in te stellen, wat het volgende resultaat had: Hij voelde 's...
nl.verhalenbank.9463
As der in spylkaert ûnder 't kaertspyljen foel moest men dy net opkrije, hwant dan koe 't wêze dat de duvel jin de kop omdraeide.
nl.verhalenbank.36505
Doe't myn frou noch in fanke wie seinen har âlden tsjin har: Tink der om, astû in apel fan Rikele Myt krigeste, dan mast it klokhús weismite.
nl.verhalenbank.24883
Wy mochten as bern net op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger, seinen se.
nl.verhalenbank.31524
1