Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: vrouw nacht Place of Narration: Houtigehage
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard. Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
Yn Easterwâlde wenne in faem, dy hie in feint, dat wie in hiele raren-ien. It wie de raerste fan hiel Easterwâlde. De faem hie har mem biloofd, foar dat dy stoar, hja soe 't út meitsje mei dy feint, mar dat die se net. Hja gong geregeld nei him ta en dan gong 't op in sûpen en kaertspyljen en flokken en al hwat mar raer wie. Op in kear kom se dêr wer wei...
nl.verhalenbank.19585
Us mem fortelde: Der wie in man, dat wie in widner, dy hie nachts faek in nachtmerje by him. Op in kear hied er moal op bêd struid. Doe hearde er de nachtmerje wer oankommen. Mar troch it moal koe se net wer fuortkomme. Troch 't slotsgat wie se der ynkom. De man hie har fangd en troude mei har. It slotsgat treau er ticht. Hja krigen bern en de bern...
nl.verhalenbank.19590
Us Trui-moai wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. 't Wie op in nacht. Trui-moai lei yn 't iene bêdsté en Jehannes (Jager) yn 't oare. Truimoai sei: "Hwat is dat, Jehannes?" Jehannes sei: "Ik wyt net." Trui-moai en Jehannes hearden beide dúdlik tikjen op 'e souder. Jehannes woarde deabinaud en kroep by syn mem op bêd. It gong mar troch mei tikjen en dat...
nl.verhalenbank.23988
Us mem sei froeger, as ik ris hwat tsjinkom yn 'e nacht: "Tink der om: as it wyt is, slach der dan net nei."
nl.verhalenbank.23798
Der waerd sein dat der nachts tusken Blaufallaet en Bûtenpost in frommes yn in regenkleed omspûke.
nl.verhalenbank.31115
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten. Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge." En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
35